i?rou Glas seit dat har fraksje bliid is mei de oplossing dy't no fûn isfoar it benzinestasjon. It plak dat no pland is is in ideale lokaasje foar gefaarlike stoffen. Dy hearre net yn de beboude kom. Prou Glas pleitet foar in goede iepenbiere ferljochting en in beplantingseame oan'e eastkant fan "e dyk. De hear Boersma seit dat syn fraksje it utstel ek ûnderskriuwe kin. Dit nije plak is in bettere lokaasje as de hjoeddeiske dy't te ticht by de wenbebouwing situearre is. De hear Boersma freget him wol of oft in twadde restaurant oan de eastkant fan 'e Brédyk yn Jelsum gjin konkurrinsje meibringt foar it besteande bedriuw. Ek wiist de hear Boersma noch op it gefaar fan in restaurant oan de eastkant fan 'e dyk. Dit sil fan gefolgen ha dat de "spotters" regelmjittich de dyk oerstekke moatte sille. DSrut kin in tige gefaarlike ferkearssitewaasje ûntstean. Ek de hear Boersma soe graach witte^wolle wannear't de nije dyk der no komt. Dat der, troch noch langer utstel as it alhiel weibliuwen fan de dyk, skea claimd wurdt troch bedriuwen by de gemeente, moat tefoaren kommen wurde. Nije bedriuwen festigje har op grûn fan positive ferwachtings oangeande nije Ûntwikkelingen, lykas yn dit gefal de nij plande dyk Ljouwert-Stiens. It net (alhiel) realisearje kinnen fan sok- soarte fan plannen mei net ta skea fan de gemeente gean. De hear Roorda seit dat de mearderheid fan syn fraksje net ûtwizend ûnder it utstel fan boargemaster en wethâlders stiet. Ve hear Ketellapper freget him 8f wÛrom't net wachte wurde kin oant de nije dyk der leit. As de realisaasje fan de nije dyk no noch in tal jierren duorret, de grûnoankeapen binne ommers noch net rûn, wat binne dêrfan dan de gefolgen foar de gemeente. Skeaclaims fan bedriuwen dy't har op grûn fan de nije dyk yn Jelsum festige hawwe? Dit ISste moat tefoaren kommen wurde. De foarsitter antwurdet dat yn de hjoeddeiske plannen in plak foar de "spotters" kreëarre is. Oare oerlêst foar de agrariërs moat tefoaren kommen wurde. By de nije dyk sil de "spotters" ommers dochs in alternatyf oanbean wurde moatte. Oangeande de ynrjochting fan it benzinestasjon likegoed as it deirestaurant kin steld wurde dat de hjoeddeiske skets noch hiel globaal is. By de définitive utwurking sil rekken hâlden wurde mei de iepenbiere ferljochting, de beplanting, ensfh. Oangeande de nei foaren brochte konkurrinsje kin steld wurde dat dit wol wat tafalle sil. De lêste tiid hat der regelmjittich oerlis west tusken beide partijen. Skeaclaims foar de gemeente by it nèt trochgean fan de nije dyk kinne der net komme. De taak fan de gemeente beheint him ta it ferlienen fan meiwurking by it realisearjen fan bouplannen,. Pierders is it in saak foar de Provins je (foar it oanlizzen fan de nije dyk) en de oanbelangjende ûndernimmer (de kar om wol as (noch) net mei it bouwen te begjinnen). Mooglike finansi§le gefolgen fan dizze kar binne foar eigen rekken. De gemeente kin d$r net op oansprutsen wurde. Oer de krekte tiid fan de nije dyk is no noch neat konkreekts te sizzen. Dit hinget mei Ôf fan de bewenners om de foar de dyk nedige grûn Sf te stean. Unteigeningsprosedueres fergje, sa't bekend is, de nedige tiid. It oerpleatsen fan it benzinestasjon lykwols hoecht hjir net op te wachtsjen. De nije dyk oerlapet op it plak fan it benzinestasjon de besteande dyk. Allinnich de yn- en utritsitewaasje sil meidertiid in bytsje oanpast wurde moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 6