Yn twadde ynstânsje wiist de hear Boersma jitris op de, neffens him, gefaarlike sitewaasje mei de "spotters" dy't oerstekke en de koniurrinsjeposysje fan in twadde restaurant yn Jelsum. De hear Ketellapper ynformearret nei it takomstige plak foar de "spotters". No sitte de "spotters" sudlik fan Jelsum wylst it nije restaurant noardlik fan Jelsum leit en ek noch oan 'e oare kant fan 'e dyk. Eierders soe de hear Ketellapper graach witte wolle oft it benzinestasjon der komt nettsjinsteande de realisaasje fan de nije dyk. De foarsitter antwurdet dat it benzinestasjon net Ôfhinklik is fan de nije dyk. Sa't al steld waard oerlapet de nije dyk de noch besteande dyk op it plak fan it benzinestasjon. Oangeande de konkurrinsjeposysje ferwizet de foarsitter nei syn eardere reaksje dêroer. Beide eigners ha in goed en regelmjittich kontakt. Swierrichheden binne dan ek net te ferwachtsjen. Fierders giet it om suver alhiel ferskillende bedriuwen: in deirestaurant en in bistro. Meidertiid sil der foar it oerstekken fan de "spotters" om in adekwate ferkearsmaatregel socht wurde. De nije dyk is provinsiaal belied. Oer it krekte stuit wSrop oft mei de wurksumheden begûn wurdt is dêrom net folle te sizzen. Der wurdt wol ferwachte dat der no op ridlik koarte termyn in begjin makke wurde sil. Sûnder haadlike stimming wurdt fierders besluten neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders. Utstel oangeande de E.iirde Nota Romtlike Oardering. 88/79 1000 m. De hear Eisenga seit dat syn fraksje de beskieden reaksje fan it kolleezje betreuret. Ek de gemeenteried sil ta in dudlike stelling name komme moatte. Dizze stellingname soe ta utering komme kinne troch de reaksjes fan sawol de regio's as de E.E.G. dudlik te ûnderskriuwen. Hy pleitet foar in oanpak wêrby't de gemeente de reaksjes fan de regio's en de E.E.G. ûnderskriuwt De hear Dijkstra seit dat syn fraksje de ynhâld fan beide reaksjes ûnderskriuwe kin. Krityske noat oangeande de Nota is dat dy tefolle ôfstimd is op Grins. Der wurdt net genôch omtinken jûn oan de yn Eryslân wis wol oanwêzige alternativen. De hear Boersma seit dat in tal foar Eryslân wichtige aspekten yn de Nota ânderwurdearre wurde. Hy wiist yn dit ramt û.o. nei de ferbiningsas tusken Eryslân en it Westen fan it lân en it takomstige plak fan Eryslân. De hear Jansma seit dat ek syn fraksje beide reaksjes ûnderskriuwe kin. Syn fraksje hat ek de noadige kanttekeningen by de Nota. Neffens him moat de Ejirde Nota Romtlike Oardering sjoen wurde as in paadwizer foar it nimmen fan alternative inisjativen. Der moat net hieltyd op Den Haach lyne wurde. De foarsitter antwurdet dat de proseduere dy't no folge wurdt it belied is by yntergemeentlike reaksjes/beswieren. De E.E.G. en(as de Regio('s) stelt (stelle) in reaksje op.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 7