In reaksje wêryn 't aile gemeentlike beswieren opnommen binne. Ek de beswieren/opmerkings fan de gemeente Ljouwerteradiel binne dêryn ûnder wurden brocht. DSrtroch kin in unifoarm stânpunt formulearre wurde. De yndividuele gemeenten hâlde lykwols de frijheid ta oanfullings. Yn twadde ynstânsje seit de hear Eisenga dat der gjin mienings- ferskil is oer de ynhâld fan de reaksjes, dy kinne troch de P.v.d.A.-fraksje ûnderskreaun wurde, mar oer de no te folgjen proseduere oangeande dizze reaksjes. It kolleezje slacht foar dit foar kundskip oan te nimmen. De P.v.d.A.-fraksje fynt dit te frijbliuwend en freget om in dudlike stipe fan dizze reaksjes ut de gemeenteried wei. De hear Boersma pleitet foar in goede berikberens fan Fryslân. Fryslân sil dSrta lykwols sels ek aktyf wêze moatte. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje him net deljout Ûnder Grins as sintrum. De foarsitter seit dat de reaksjes dudlik binne. De beswieren fan Eryslân komme d$ryn dudlik ta utering. It kolleezje hat gjin swierrichheid mei it utstel fan de P.v.d.A. fraksje om de reaksjes fan de Regio's en de F.F.G. as gemeente- reid te ûnderskriuwen. De foarsitter slacht dêrom foar it eardere utstel te feroarjen yn "Wy slagge jimme foar beide reaksjes te Ûnderskriuwen". Sûnder haadlike stimming wurdt neffens dat utstel besluten. Utstel oangeande de bou fan fjouwer wenten oan de Hegebuorren yn S tiens. 88/80 T550 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt besluten neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders. Utstel oangeande de proseduere oangeande it oanwizen fan de doarpskearn fan Jelsum as beskerme doarpsgesicht. 88/81 1535 m» Hjiroer wurdt sprutsen troch frou Glas, de hearen Roorda, Boersma Dijkstra en wethâlder van Rljn Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan ferkearsmaatregels oan Kakewei, Aldlânsdyk, Pim Mulierwei en Griene Leane yn Stiens. 88/82 1635 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Dijkstra en wethâlder van Rijn. Sûnder haadlike stimming wurdt besluten neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders. Utstel oangeande de fragelist niibou en fernjjbou 1989. 88/831670 m. Dêroer wurdt sprutsen troch frou Glas en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt besluten neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 8