1 LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 septimber 1988. Oanwêzichmefrou Visser, de hear Teitsma, mefrou Glas, de hearen Eisenga, Faber, Dijkstra, van der Ende, Boersma, Roorda, Ketellapper en de wethâlders Visser en Van Rijn. Foarsitterwethâlder Van Rijn Siktaris de hear T.P. van Deutekom Boargemaster Boschma is yn ferbân mei sykte net oanwêzich. Fierder is mei kundskip ôfwêzich de hear Jansma. Bân II - 0000 m. -o-o-o-o-o-o- 1Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 21e july 1988. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en de foarsitter. De foarsitter seit ta dat it ferslach oanfold wurde sil mei in fraach fan de hear Boersma oer it takomstige plak fan de firma Grasso oan de Brédyk Gnder Jelsum yn ferbân mei de bestimming fan ien fan de perselen. It ferslach wurdt fierder ûnferoare fêststeld. 2Ynkommen stikken en meidielings. 88/85 0250 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser (Il-fde hear Faber (Il-e) en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. De foarsitter dielt mei dat de punten 13 en 22 fan de aginda ôffierd wurde 3- Utstel om gjin meiwurking te ferlienen op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis oan it bestjoer fan de feriening foar Kr. Underwiis te Stiens yn ferbân mei it meitsjen fan in konstruksjeflater. 88/86 0441 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge master en wethâlders besluten. 4. Utstel oangeande it skoalleplan 1989 - 1992. 88/87 0461 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge master en wethâlders besluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 5