Utstel oangeande fêststelling fan it bestimmlngsplan Stiens - Yndustryterrein. 88/88 0466 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - Yndustryterrein (bouplan Bokma) 88/89 0530 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - doarp (bouplan moune de Hoop) 88/90 0533 m. Hjiroer wurdt ir wurd fierd troch de hearen Boersma, Faber, Teitsma en de foarsitter. De foarsitter seit ta dat it plak fan de loads neier besjoen wurde sil Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Feinsum (ferbou perseel Holdingawei 63 te Feinsum. 88/91 0749 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarg master en wethâlders besluten. g Utstel oangeande it art. 19/50 proseduere fan de hear J.L. Bos, Buerefinne te Stiens. 88/92 0758 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Roorda, Boersma, Teitsma, Dijkstra en de foarsitter en by ynterrupsje troch de hear Eisenga. De hear Roorda is foar dit utstel. Hy jout yn syn betoach oan hoe 't syn fraksje tinkt oar de bestimming fan leechkommende agraryske gebouwen. De hear Boersma wiist op de ferwevenheit mei de Hinderwet. Fierder freget hy him ôf oft wol genûch rekken hâlden is mei it streekplan. Hy hat wol muoite mei de saak mar sil mei it utstel fan it kolleezje akkoart gean. De hear Teitsma seit dat syn fraksje op it plak fan dit bedriuw tsjin bliuwt en dÊrom net yn berop gean wol. It stânpunt fan syn fraksje oer leechkommende agraryske gebouwen is oars as dat fan it CDA. De hear Dijkstra jout oan hoe 't syn fraksje tinkt oer it stânpunt fan D.S. Foar it utstel om beswier oan te tekenjen. It utstel wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Ketellapper, Roorda, Boersma, Van der Ende, Faber Dijkstra en Van Rijn. Tsjin de leden W. Visser, Teitsma, mefrou G. Visser, Eisenga en mefrou Glas

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 6