- 2 - 6. Utstel oangeande it fieren fan In lyts folgjend beleid ynsake monuminten werfoar rykssubsydzje untfongen wurdt. 88/131 1764 m. Mevrouw Glas informeert hoe het staat met de inventarisatie van monumentale panden door de gemeentelijke commissie. De hear Boersma wol graach witte hoe't de rie oer it ferfolch ynfor- mearre wurdt en wat it ferfolch weze sil. De foarsitter seit dat it giet om monuminten dy't der al binne. Hy is ree dit te sjen as in underdiel fan in te fieren belied. De rie stelt in regeling fest mei dudlike kriteria. It kolleezje kin dizze utfiere. Hjiroer sil de rie ynformearre wurde. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 7Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf fan in motorspuitoanhinger foar de branwacht. 88/132 1849 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Faber, Boersma, Jansma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 8. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt oan it fersoargings- tehus "Skilhiem" te Stiens foar de ynrjochting en oanskaf meubiler (deifersoarging) 88/133 1949 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, wethalder Visser en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten mei oantekening dat de V.V.D.-fraksje achte wurdt tsjin stimd te hawwen. 10Utstel oangeande it jaan fan nammen oan strjitten yn it nije bestimmings- plan "It Heechhof" te Stiens. 88/135 1973 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 11Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de kommisje Sosjale- en sunenssoarch. 88/136 1981 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber en de foarsitter. De hear Renkema wurdt mei 13 stimmen beneamd. -3-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 5