■/\/P J-tnWi* Foarsitter, It is grif foar it Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders gjin ienfaldige opjefte west de begrut- ting 1989 op te stellen.Ommers it seach der yn earsten nei ut dat de begrutting 1989 utkomme soe op in tekoart fan 34-7.000,-goune. Likernoch binne it Kolleezje en de amtners der yn slagge it tekoart werom te bringen oan't sa'n 150.000,-goune.De dekkingsmaetregels dy't it Kolleezje oan de Rie foarstelt binne werom te finen op side fjouwer fan agindapunt 17-Koart sein komme de dekkingsmaetregels hjir op del: besunigings yn sport en wolwezen fan sa'n 60.000,- goune en it ferheegjen fan belestingen en tarieven mei sa'n 90.000,- goune. Foarsitter wij meije yn us ofwaging of't it ferant- wurde is de ynwenners fan us gemeente te konfrontear- jen mei earderneamde ferheging fan belestingen en tarieven herinnerje oan us sk3gingen dy't de VYD- fraksje haldde bij de begrutting l988.Wij fregen us doe of, of't der yn de takomst net in pear krinten ut de brij ferdwine moasten. Jo kinne fan it tinken wol hawwe, dat wij, mei oan de iene kant it tekoart en oan de oare kant de krinten de begrutting kritysk besjoen hawwe. Boppedat is it neffens us in goede saek om yn de gaten te halden dat de beles- tingdruk per wente net ungeunstiger wurdt yn fergeli- king mei wenten yn gemeenten om us hinne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 70