-2- Tn it algemiene begruttingsbyld treffe wij sa op it earste gesicht in. pear neisgjirrige gegevens oan: oan de ynkomstenkant it tebek rinnen fan de doelut- kerings mei 2,2 prosintpunten en oan de utjeftenside de stiging mei 1,2 prosintpunten op de haedfunksje Eultuer en Rekreaasje. Poar't wig us miening jaen sille oer de foarstelde dekkingsmaetregelsstelle wij Jo foar neier 3m te gean op een oantal saken lykas dy beskreaun binne yn it beliedsdeel fan de begrutting. Poarsitter Jo skriuwe dat it besteande funksjewur- djerringssysteem te star befoun wurde soe. Natuerlik ek wij witte,dat wannear immen foar wat syn beleaning betreft yn syn skael it heechste berikt hat, der finansjeel gjin ferheging mear yn sit.Voile jo dit systeem trochbrekke,troch bygelyks it infieren fan utrinrangen foar barren dy't wol tige goed harren wurk dogge,dan undermynje jo dermei wol it hiele systeem. It ynfieren fan utrinrangen sil der neffens us onherroepelik ta liede,dat nei ferrin fan tiid, eltsenien yn oanmerking komt foar dy utrinrangen. Wannaer't immen yn it funksjewurdearringssysteem oan syn maximum kommen is en hi j of sij wol mear, dan is der de wei om it heegerop te sykjen. Dat kin dan sawol nei binnen as nei buten weze. Wij binne ek huverich as it giet om it takennen fan gratifikaasjes. Hoe goed as it ek bedoeld is, der hoecht neat te barren of troch it ynstellen fan ditsoartige ekstra beleanningen komme de underlinge minslike ferhaldineen under spanning te stean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 71