-3- Jo foarstellen oangeande dizze saken sille wij miskien yn de kommende tiid wol sjen;wij hawwe jo no us earste ferlopige yndruk joun. As it safier is sille wij us stanpunt neijer bepale en ferdudlikje. Foarsitter as wij it hawwe oer de automatisjerring, dan moat nei us betinken de ynstelde wurkgroep gau mei har beliedsplan nei buten komme. Der moat in dudlik byld komme wer en wat automatisjerre wurde moat. Yn dat beliedsplan sil neffens us ek dudlik werom te finen weze moatte, wat neist de kosten fan hard-en software de kosten fan opliedingen bedrage sille. Yn de riedsgearkomste fan 21 maaie 1987 hat de Rie der mei ynstemd om de automatiseringskennings fan it personiel te stimuljerjen en harren der jildelik wat stipe bij te jaen. Sa is it mooglik dat der bij de oanskaf fan in kompjoeter in temjittekomming joun wurdt. Foarsitter jo hawwe us ris in kear in getal neamd fan it oantal amtners dat er oan't no ta oan dielnommen hat. Wij binne der no benijd nei hokker foarsprong de compjoeterbesitters neffens jo opboud hawwe in fergeliking mei dejingen dy't der net oan meidien hawwe. Ut jo earste opperflakkige ynformaesje die bliken as soe it gean om ferbettering fan de fingerflugheid. Dermei wurdt bij us de yndruk fersterkedat dizze ervaringen wol ris yn oerien- stemming weze kinne mei die ut in oantal sektoren ut it bedriuwslibbennammentlik teloarstellend. Op dit stuit is it dudlik waernimbaer dat der fan dit- soarte projekten hast neat mear opstart wurdt en dat yn in

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 72