Nei in tige lang skoft fan tarieden is de Algemiene Plysjeoardenirig feststeld. It docht us tige goed fest stelle te kinnen dat it hjir om in goed wurkstik giet,hwer't de plysje ek echt mei ut de fuotten kin. Wij binne it mei it Kolleezje iens, dat de foarljoch- ting op in tal opfallende underwerpen goed weze moat. Wij freegje us of,of't een sery publikaasjes yn de Stienser Omropper foldwaende weze sil. Soe it net winslik weze om bijgelyks yn de ferskate fergaderingen fan doarpsbelangen ris utliz te jaen oer de nije APV. It Kolleezje neamt yn it beliedsdeel fan de begrutting al in pear opfallende underwerpen yn die APV. Is it Kolleezje fan betinken, dat der nei de perioade fan foarljochting ek diedwurkelik optreden wurde sil? De branwachtstiet yn 1989 foar de ferfanging fan it materieel.De foarstellen wachtsje wij mei belangstelling of.Ien ding is wis: it kostet in bulte jild. Mar dat men bij de branwsdt each hat foar de kosten mei bliken dwaen ut utstel 88/132. Yn us ofwaging om al as net oer te gean ta ferfanging fan de beide auto's sille wij seker swier meiwage litte of't de auto's om bedriuws-tech- nyske redenen ferfongen wurde moatte ja of ne. Foarsitter, lang om let is de startpreemje yn it ramt fan it mearjierrenplan ferkearsfeilichheid untfongen. Foar wat betreft de ynfulling fan dit mearjierrenplan sil it Kolleezje him liede litte troch de mooglike aksjepunten sa't dy destiids neamd binne yn foarstel 87/95. Wij freegje us of as der nei dy tiid ek noch nije ideeen oandroegen binne, of dat der fan de Ryks-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 74