oerheid ek noch nije ideeen oanrikt binne. Wij geane der fan ut, dat it untfongen jild ek yndie bestege wurde sil yn it ramt fan dit mearjierrenplan ferkears- feilichheid. De opmerking fan it Kolleezje"Over de besteding van de gelden beraden wij ons nog" hat us brocht ta foargeande opmerking. Yn tsjinstelling tot foargeande jierren fertoant haed- funksje fjouwer no wer in tekoart. Foarsitter wij freegje us of it tekoart op de eksploitaasje skoalle- gebouwen iepenbier underwiis ek werombrocht wurde kin. Us gedachten geane derbij ut nei it better troch- berekenjen fan it enerzjyferbruk fan de gymnastiek- lokalen dy't troch tredden brukt wurde. Dermei fange we twa miggen yn ien klap:it eksploitaasjetekoart wurdt fermindere en de trochberekkening nei it Be- sunder Basisunderwiis kin minder wurde. Wij binne fan betinken dat it seker de muoite wurdich weze kin dit soarte fan saken ris te bepraten mei de direkteuren fan de basisskoallen foar safier fan tapassing. Foarsitter wij binne benijd hoe't de problemen oan- geande it skoalleskjinmeitsjen oplost wurde kinne. As wij it oer de sport hawwe, dan kin der fan ut gien wurde sa skriuwt it Kolleezje,dat 3m de takomst yn prinsipe allinne it swimbad De Middelse finansjeel de nedige oandacht easkje sil. Mei it oannimmen fan de notysje "Zwembad de Middelzee-hoe verder" binne in oantal ienfaldige foarstellen oannommen om it swimbad te ferbetterjen en yn stan te halden. Net allinne yn us gemeente is it swimbad in probleem,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 75