-7- ek yn oare gemeenten foarmje de swimbaden in bron fan oanhaldende finansjele soarch. Somtiden wurdt der in pakket fan yngripende maatregels troffen om de eksploitaasje fan de swimbaden wer under de knibbel te kreijen.Da riist al gau de fraech: wat moat der yn de takomst mei us swimbad barre.Derom freegje wij it Kolleezje no of it mooglik is oan te jaen wannear wij it ferfolg op de notys,je"Zwembad De Middelzee- hoe verder temjitte sjen kinne. Yn de riedsgearkomste f 51 ma ert 1988 waerd der in termyn neamd fan unge— fear in jier. Oangeande it Wolwezensbelied hat de WD al jierren pleitte foar ynkrimping. Mei de fraksje fan it FNP wiene en binne wij fan miening dat it wolwezensbelied in te swier aksent krigen hat. Wij binne derom no fan betinken dat de foarstelde besuniging net fol— dwaende is. Foarsitter, de problematyk om de bijstansferliening hinne is net ienfaldich. Toch hat us gemeente de saek aardich goed yn'e han. It Ryksregear spilet mei de gedachte om foar de ge meenten it bijstansdiel te bringen fan 10 nei 20%. Dat is net in goede saek: it risiko wurdt hielendal bij de gemeenten lein, wylst dezenien en oar net beynfloedzje kinne. Yn de begrutting wurde ek noch ris wer de gefolgen fan it kwytscheldingsbelied sichtber. Jo witte de WD-fraksje yn us gemeente is der altyd al op tsjin west. Ommers, bij het bepalen fan de hichte fan it bedrach fan de bijstan wurdt rekken halden mei it

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 76