-8- beteljen fan belestings. Eltse stiging fan belestingen en tarieven sil der ta liede, dat de groep minsken dy't in berop docht op kwytskelding hieltyd mar grutter wurde sil.Wat beskieden begoun is nimt dan nei ferrin fan tiid te grutte foarmen oan. Derom allinnich al moat probearre wurde de belestingen net te ferheegjen. De sirkel wer't wij yn toloanne kommen binne sil troch- brutsen wurde moatte. Foarsitter in krint yn de brij fine wij noch altyd de untwikkelingsgearwurking. De gemeente, en wij herhelje dat hjir noch mar ris, hat neffens us in uneigenlike taek yn hus helle. It risseltaet, ondanks alle opty- mistyske luden, is neffens us net mear, dan dat de bewusten hjir bewuster wurde. Wij fine dat it projekt daliks beeinige wurde kin. En dejingen dy't yn us gemeente fine, dat der dochs mear barre moat, dan dat- Jinge wat de Ryksoerheid docht, dy stiet it frij om persoanlik jild te jaen oan projekten wer't sij of hij foar kiest. Wij hawwe altyd al tige kritysk stien tsjin ditsoar- tige aktiviteiten dy't neffens us net passe yn it gemeentebestel. Wij fersekerje jimme, dat wij ek yn de takomst utwreiding fan ditsoartige aktiviteiten yn de romste sin fan it wurd tige kritysk benaderje sille. Feist it beeinigjen fan it Peru-projekt mei wat us betreft ek de wurkgroep untwikke lings gearwur king ophalde te bestean. Foarsitter it flechtelingenbelied komt stadichoan op priemmen te stean. Yn'e media hawwe wij fernommen as soe de fergoeding dy't it Ryksregear beskikber

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 77