stelt foar de opfang fan flechtelingen net tarikkend weze. Is it Kolleezje dat ek bekend en sa ja, hokker maetregels sille der dan troffen wurde moatte? Foarsitter as it giet oer it Streekplan Fryslan en it stedsgewest Ljouwert dan seit it Kolleezje dat it fan it grutste belang is dat de belangen fan Igouwer- teradiel feilich steld wurde. Wij understeune dy mie- ning graech,want wat we yn earste ynstansje der fan sjoen hawwe yn de kommisje Algemiene Saken, dan belooft it net folle goeds. Mei betrekking tot ferliende gemeente-garansje wurdt sein, dat it tige seldsum is, dat der wenten ferkocht wurde moatte werop gemeente-garansje ferliend is. Gelokkich ek mar,want ofsjoen fan de finansjele ge- folgen foar de gemeente betekent it ek faek foar dejingen dy't it treft dat se in swiere sile luke. Net tsjin steande dizze goeie gong fan saken wol us fraksje graech ynsjoch hawwe yn it oantal kearen dat gemeente-garansje ferliend is yn de ofroune acht jier. Deroan keppele wolle wij graech witte hoe faek as de gemeente oansprutsen is troch de jildferstrekkers, en om hokker bedragen it giet. Wat hat de gemeente yn dit kader noch te foarderJen,en wat is miskien net yn te foarderjen? Wij stelle dizze fragen, om't it yn in oantal gemeenten op dit med net sa best giet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 78