-10- Foarsitter in gat fan likernoch 45.901,- sil neffens it foarstel van B.en W dutsen wurde moatte troch in ferheging fan de unreplik guodbelesting. Wij fine dat net in goede saek. Ommers troch it ferheegjen fan in oantal tarieven wurde de ynwenners fan us gemeente toch al konfrontearre mei in flinke ferheging fan de kosten. Derom fynt de WD-fraksje dat prebearre wurde moat troch middel fan besunigingen te foarkommen dat de unreplikguodbelesting ferhege wurde moat. Yn it foarstel fan B.en W. wurdt in taekstelling oplein oan sport en wolwezen. Jimme sille sa njonkenlytsen wol merkbiten hawwe dat wij noch wol in stap fierder gean wolle. En dat betsjut mear besunigje dat it Kolleezje foarstelt. Besunigingen dy't wij sykje yn: -opskouwen fan it beliedsplan Frysk f 6.500,- -beeinigjen fan de untwikkelingsgear- wurking en it opheffen fan de kommisje -10.450,- -ekstra besuniging op it wolwezenswurk, om't der yn it ferline neffens us te min besunige is -29.000,- Yn dit foarstel hawwe wij gjin rekken halden mei it budgettair foardiel wegens de oanskaf fan in motorspuit oanhinger dy't aerdich goedkeaper utfalt as oarspronkelik raemd wie. Wij binne benijd wat it Kolleezje en de kollega riedsfraksjes fan us besunigingfoarstel fine. Fanselssprekkend binne wij fan us kant re om ek oer de eventuele besunigingfoarstellen fan de oare fraksjes nei te tinken. r*

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 79