-11- Foarsitter, wij wolle fan de gelegenheid gebruk meitsje om oan it ein fan 1988 noch hiel efkes werom te sjen, en dan spesjaal nei de leste rieds- gearkomsten. It sil Kolleezje en Rie, mar ek de oan- wezigen op de tribune net untgien weze, dat us fraksje betiden aerdich yn de bus blaest hat. Wij binne fan betinken dat der yn in oantal gefalien better op'e winkel past wurde moat. Derbij tinke wij fansels oan it rapport oangeande de kabeltillevysje.De Rie hat dudlik oan de bel lutsen.Onfoarstelber dat it Kolleezje en de amtners it net mear kearre koenen. Us fraksje hat louter en allinne op formele grounen tsjin de begrutting Skilhiem stemd, om't de begrutting net te besjen lein hat foar de Rie. Foarsitter vd.j hechtsje der oan hjir ut te sprekken dat wij priis stelle op in goede gearwurking mei it Kolleezje en de oare leden fan de Rie. Mar dan sil somtiden nei us lustere wurde moatte en yn in oantal gefallen sille de foarstellen better presen- tearre w\irde moatte. As wij fine, dat saken undudlik bliuwe, sille wij dat seker kenber meitsje en sa- nedich sille wij dat blike litte yn us stemgedrach. Foarsitter, tige hommels moast de boargemaster syn wurk dellizze om't er siik waerd.Gelokkich is er wer oan de betterjende han, en wij hoopje dat hij nei ferrin fan tiid wer hielendal oan de slach kin,sadat de Rie wer kompleet is. Foarsitter dit wie it. Tankewol. Ut namme fan de VTD-fraksje,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 80