FOARSITTER, De algemiene skogingen hawe al gauris oanlieding jun ta skogingen, de iene kear woe men se al halde, in oare kear woe men der wol of en noch wer in oare kear woe men it oan tiid bine. Sa't no stiet kinne wy nei eigen, ynsjoch mar wer raak skogje. Al hoewol dit foar us, as F.N.P ien fan de wichtigste mooglikheden is om ienris yn't ,'jier mei in eigen fisy nei de mienskip te kommen, sille wy der mar in beheind gebruk fan meitsje. Der wurdt us wolris frege, wat binne jim no einst, binne jim rjochts of binne jim lofts. Ik tink dat wy deryn dudlik ofwike fan us kollega's fan oare partijen. As jim de riedsferslaggen leze fan oare gemeenten, weryn de F.N.P in sit hat, dan sil jim merkbite dat de F.N.P al nei gelang fan de har oantsjinjende problematyk wolris nei lofts mar ek wolris mei rjochts mei giet. ^|>it mei,foar wat it de ofdieling fan de F.N.P Ljouwerteradiel oangiet, dudlik sizze: wy wolle net foar lofts of rjochts trochgean mar midden yn'e mienskip stean, bestjoerlik der mei anneks weze en de frijheit havrne al,nei gelang fan de omstandichheden,us stim ut te bringen. It algemien belang sil derby us utgongspunt weze. IT FRYSK. No't it Frysk yn*t offisjeel-en amtlikferkear oan'e oarder is, blykt it dat der riedsleden binne dy't stelle: der hawwe wy gjin boadskip oan, W3^lst hja it al yn it program fan harren partij en yn it kollege- program underskreaun hawwe. Der stiet yn dat men it Frysk aktivearje en stimulearje wol. Wylst elts witte kin hoe benearjend de posysje fan it"is, dat wy mei dy oeralde taal wier mei de r§ch tsjin de muorre stean, sizze hja, der hawwe wy gjin boadskip oan, mei oare wurden £t leit us kftld. As dat gjin kiezersbedroch is, wit ik it net mear. Lit men dan mei in klear en dudlik minderheidsstanpunt komme, dan wit elts wer't er oan ta is. It fait jin op dat it krekt dyjingen binne dy't foarop rinne as it om emansypaasje en. diskriminaasje giet. Is Nederlanske taal stiet net faai yn Fryslan, oars sein dy ynfloed r Lmt han oer han ta. Mei it bruken fan it Frysk, us memme taal, giet i striemin. It is dan ek it toppunt fan diskrimenaasje as men d zze groep fan us folk wegert de helpende h&n ta te stekken

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 85