DE SA NEAMDE "TROPISCHE REGENWOUDEN" Ja, foarsitter, no is11 foar us fraksje net maklik. Fan us is bekend dat wy us net graach bemuoie mei saken dy't yn it Lansregear besletten wurde. Mar mei dy oerbosken leit it foar lis gefoel oars. Hjir hat elts syn eigen ferantwurdlikheidkrekt as by it al of net bruken fan bygelyks spuitbussen. Dat ofmeanen (ja, men kin it langer gjin kapjen mear neame) fan dy oerbosken, binne wy och sa mei begien. Wer binne wy mei dwaande? Wy fersmoargje us loft, de seeen, rivieren en grun. Dy oerbosken foarmje mei de seeen, de longen fan de wrald. Wy hawwe de djoere plicht op te kommen foar oerlibbingskansen fan de geslachten dy't nei us komme. De gemeente Weststellingwerf hat besletten gjin tropysk hurdhout mear yn gemeentlike projekten ta te pnssen. Wy stelle foar dat LJouwerteradiel yn it kommende jier him hjir by oanslut en jouwe yn dizzen nlfest in foarset. DOARPSFERNIJING As men doarpsfernijing foarstiet, en dat dogge wy, dan haldt dat meastal yn dat wy de aide wenwikon of buorrens yn aide styl bewarje wolle. Fan fernijing is dan yn de measte gefallen ek gjin sprake, we soene faaks better prate kinne oer it bewnrjen fan karakterestike buorrens, plakjes, strjitsjes, hoekjes yn it aide doarp. Fansels ek yn de butendoarpen, bygelyks yn Jelsum mei syn Lange Jammer en Paradyske, och ik neam sa mar wat. Yn prinsipe stean wy der fjouwerkant efter, mar men moat wol realistysk bliuwe en dat hie der by in pear fan us P.v.d.A.-freonen wol oan. Doe't ek noch bliken die, dat it us gemeente yn dit gefal net in sint kostje soe, wylst der by oare oplossingen faaks in grouwelich stik jild by moat, (wat der net is) doe wie de kar foar tis as FNP-fraksje net muoilik mear, waffsizze wol, ik siz dat mei de measte klam, dat wy it byldbepaaljend stee oan'e Hegebuorren, (want sa't jimme begripe sille, der gyng it om) wol misse sille.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 86