- 2 - 5Utstel oangeande it nimmen fan ferkearsmaatregels oan de Lange Hage te Britsum. 89/4 0423 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 6Utstel oangeande de ferkearssitewaasje oan de Langebuorren te Stiens 89/5 0429 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, Teitsma, Roorda en de foarsitter. De foarsitter dielt mei, dat der in brief ynkommen is fan de famylje Oreel. It kolleezje stelt ut yn te stimmen mei it utstel sa as it der leit, mar bij it utwurkjen fan it plan de opmerkings fan Oreel neier te besjen. By dy utwurking sil ek besjoen wurde de mooglikheid fan it oanlizzen fan in parkeerplak foar gehandikapten foar de apteek. Fjirder wurdt tasein dat it kolleezje de plysje der oan halde sil oertreders oan te pakken. 7Utstel oangeande it ofsluten foar it autoferkear fan It Kleaster te Stiens. 89/6 0849 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 8. Utstel oangeande it iepenbier meitsjen fan de spoarweioergong tusken Stiens-Sud en d'Orient. 89/7 0885 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Teitsma, en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 9. Utstel oangeande de oername fan de Tsjessingawei te Jelsum. 89/8 1002 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Boersma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 10Utstel oangeande it sanearjen en isolearjen fan wenten op de hoeke fan de Aldlansdyk/Op'e Terp te Jelsum. 89/9 1030 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Roorda, Faber en de foarsitter. -3-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 10