- 3 - Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 11Utstel oangeande de rekken fan 1987, de bystelde begrutting 1988 en de begrutting 1989 fan de St. Kabel Telefysje te Ljouwert. 89/10 1125 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Eisenga, Van der EndeJansma en de foarsitter. Tasein wurdt dat mei de direkteur fan de SKL oerlis plak fine sil yn de kommisje Algemiene Saken oer de untwikkelingen op dit med. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje net mei it twadde punt ynstimme kin. Hy wol it ferlies foar rekken fan de reserve bringe foar safier dy tarikkend is en wat oer bliuwt aktivearje. Dit utstel wurdt yn stimming brocht en mei 11-2 stimmen fersmiten. Foar binne de leden Faber en Dijkstra. Alle oare leden binne tsjin. It utstel fan it kolleezje wurdt sunder haadlike stimming oannommen mei de oantekening dat de FNP-fraksje achte wurdt tsjin stimt te hawwen 12. Utstel oangeande de werstrukturearring fan de riedskommisjes. 89/11 1571 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Eisenga, Jansma, Faber, Roorda en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 13. Utstel oangeande it ferlienen fan in bydrage yn de winningskosten foar de pont te Wyns. 89/12 2143 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Dijkstra en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 14. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanliz fan in rioel tusken Finnedyk en Bredyk te Stiens. 89/13 2157 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. -4-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 11