- 4 - 15. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it ynrjochtsjen fan in ynformaasjesintrum/leskeamer yn it gemeentehus te Stiens. 89/14 2161 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Dijkstra, mefrou Glas, de hearen Teitsma, Jansma en de foarsitter. Nei wiidweidige diskusje oer de hichte fan de ynvestearring wurdt yn stimming brocht it utstel fan de hear Boersma om it bedrach te beheinen ta op syn meast f 5.000, Wurdt dit net oannommen, dan moat it kolleezje mei in alternatyf utstel komme It utstel fan de hear Boersma wurdt oannommen mei 7-6 stimmen. Foar binne de leden mefrou Glas, Ketellapper, Roorda, Boersma, Van der Ende, Faber en Dijkstra. Tsjin de leden mefrou Visser, Eisenga, Jansma, Visser, Teitsma en Van Rijn. 16. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it oernimmen fan in restant fan de boeken fan de skiednis fan Lj ouwerteradie1 89/15 Ban II 0587 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Jansma, Teitsma, Boersma, Dijkstra, Ketellapper en de foarsitter. Tasein wurdt dat it "utjeftebelied" yn de kommisje Algemiene Saken oan de oarder komt. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 17. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de renovaasje fan de maneezje yn Froubuorren. 89/16 0706 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Boersma, Jansma, Eisenga, Dijkstra, Faber en de foarsitter. Utstel om foar ien kear in subsydzje te jaan fan 25.000,wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Boersma, Van der Ende, Visser en Van Rijn. Ts jin de leden mefrou Visser, Eisenga, Teitsma, Glas, Jansma, Ketellapper, Roorda, Faber en Dijkstra. Dit utstel is dus mei 9-4 stimmen fersmiten. Dernei komt yn stimming it utstel om in rinteleaze liening te jaan. Foar binne de leden mefrou Visser, Eisenga, Teitsma, Glas, Jansma, Roorda, Boersma, Van der Ende, Visser en van Rijn. Tsj in de leden Ketellapper, Faber en Dijkstra. Dit utstel is alsa oannommen mei 10-3 stimmen. 18. Utstel oangeande it beneamen fan leden en plakferfangende leden yn de kommisje Romtelike Oardering. 89/17 Dit punt is fan de aginda offiert. -5-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 12