LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 15 desimber 1988. Oanwezich: mefrou Visser, de hear Teitsma, mefrou Glas, de hearen Eisenga, Faber, Dijkstra, van der Ende, Boersma, Roorda, Jansma, Ketellapper en de wethalders van Rijn en Visser. De foarsitter stelt oan de oarder it beanderjen fan fragen fan de fraksjes. (Ban 0100 - 1517 m) Sjoch taheakke. Dernei underbrekt de foarsitter de gearkomste (fan 20.45 - 21.15 oere) Nei it op'e nei iepenjen krije de leden gelegenheid op de antwurden fan it kolleezje yn te gean. De hear Dijkstra is fan betinken dat in wenningmerkundersiek net nedich is as je utgeane fan de tadieling fan de rykssteun. Partikulieren bouwe alline by lege rinte en hege subsydzje. De taakstelling fan f 20.000,foar de sport is net dudlik. De ferhalen en antwurden kime dizich. Wa moat wat besunigje? It antwurd oer it dekkingsutstel fan syn fraksje is terjocht. Mei koarten heart de rie wol fan de beliedsfoarnimmens fan it kolleezje by namme oer it wurk fan de VWC. Hy wiist op de tanamme fan de kosten fan it foto-kopieerapparaatPleitet foar in taakstelling fan 1 foar eltse amtner. Syn fraksje bliuwt by it utstelde dekkingsplan. It antwurd fan it kolleezje oer it gebruk fan hurdhout, giet net fier ge- noch. Hy tsjinnet hjiroer in moasje yn (sjoch taheakke). De heer Eisenga merkt op dat de raadsleden het financieel perspectief van de gemeente zelf hebben kunnen lezen. Dat brengt zijn fractie tot de vraag waar we naar toe willen. Wat willen we handhaven en op welk niveau. Waar leggen we de accenten. Hij vraagt om een dialoog hierover in de loop van het komende jaar, zodat een evenwichtig beleid mogelijk is en niet ad-hoc bezuinigd wordt. De opmerking van het college over herbezettingsgelden/prestatiebeloning gaat zijn fractie te ver. Hij wil dat hier zorgvuldig naar gekeken wordt. De hear Teitsma fynt it antwurd fan it kolleezje oer it gebruk fan bestri- dingsmiddels net fier genoch gean. Hy docht de suggestje hjiroer te yn- formearjen by de Fryske Miljeuried. Fjierder pleitet hy der foar partikulieren foar te ljochtsjen oer it stan- punt fan de ried oangeande it gebruk fan hurdhout. Syn fraksje hat gjin beswier tsjin it doarpsfernijingsplan foar Aldeleie. Wol beswier tsjin it oare stik oer it ferbetterjen fan diken. Der wurdt op dit med gjin belied fierd. De arguminten fan it kolleezje binne net sterk. Hy jout in taljochting op de finansjele opset fan syn fraksje. Dy komt ut op in ferheging fan de unreplik guodbelesting mei 2,1 yn stee fan 4 Hy tsjinnet hjiroer in amendemint yn mei it fersyk dit yn stimming te bringen (sjoch taheakke). Doarpsfernijing haldt foar syn fraksje net yn, dat fan alles ofbrutsen wurde moat. Der moat in goede ofweging mooglik weze. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 4