- 3 - De hear Teitsma is it hjir net mei iens. Haadsaak fan syn beswieren is dat dit samar wer ut de loft fallen komt. De foarsitter dielt mei dat de moasje fan de PvdA oer de besunigings yn it underwiis foar it kolleezje gjin beswier foarmet. De moasje fan de FNP oer it gebruk fan hurdhout ken ek troch it kolleezje underskriuwn wurde as it part fan de sin under nummer 1 gjin hurd hout mear feroare wurdt yn allinne by hege utsundering tropysk hurdhout De dekkingsutstellen fan WD en FNP wurde troch it kolleezje ofret. Hjirnei folgje stimferklearrings De hear van der Ende dielt mei dat syn fraksje it iens is mei de reaksje fan it kolleezje op it utstel fan de PvdA oer it stypjen fan it keunst en kultuerbelied. Mei it twadde utstel fan de PvdA oer de besteging fan it bedrach fan 23.974,is syn fraksje akkoart. It amendemint fan de PvdA oer de utfiering fan it ferbetteringsplan fan diken yn Aldeleie sil syn fraksje net steune. De hear Boersma seit dat syn fraksje de moasje oer it underwiis steune sil. Syn fraksje hat noch al wat fragen oer alternativen foar hurdhout en sil derom tsjin de moasje fan de FNP stimme. De hear Roorda seit dat syn fraksje tsjin de moasje fan de PvdA stimme sil. It utstel fan dizze fraksje oangeande it stypjen fan keunst en kultuer is noch net oan de oarder. It twadde utstel fan de PvdA hat wol de ynstimming. De fraksje fielt der ek net foar as gemeente in stanpunt yn te nimmen oer it gebruk fan hurdhout en sil hjir tsjin stimme. De hear Jansma dielt mei dat syn fraksje it tredde utstel fan de PvdA net opkeare sil. De heer Ketellapper deelt mee dat zijn fractie kan instemmen met de onder- wij s-motie De hear Teitsma seit dat syn fraksje in notysje ofwachtet oer har earste utstel, wernei de diskusje plak fine kin. De moasje fan de FNP oer it gebruk fan hurdhout sprekt ek syn fraksje oan. Dy sil hjir foar stimme as der oan tafoege wurdt dat by it ferlienen fan in boufergunning op dit stanpunt wizen wurde moat. Hy jout noch ris in ferdudliking oer de bedoeling fan syn fraksje oangeande de ferbettering fan diken yn Aldeleie. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje gjin heil sjocht yn it amendemint fan de PvdA. Syn fraksje sil tsjin stimme. Mei de moasje oer it underwiis hie wol ynstimd wurden. Syn fraksje hat gjin muoite mei de oanfoiling fan de PvdA op de moasje oer it gebruk fan hurdhout en ek net op de tafoeging "tropysk". Oangeande it earste utstel fan de PvdA wachtet syn fraksje de notysje of. It twadde utstel is wol akkoart. De foarsitter stelt oan de oarder stimming oer de utstellen fan de PvdA. Sunder haadlike stimming wurdt besletten it earste utstel of te hanneljen oerienkomstig it stanpunt fan it kolleezje. It twadde utstel wurdt sunder haadlike stimming oannommen. It tredde utstel wurdt oannommen neffens de formulearring fan it kolleezje. De moasje oer it gebruk fan hurdhout mei de troch it kolleezje utstelde wiziging en de oanfolling fan de PvdA wurdt oannommen mei 8-5 stimmen. Foar binne de leden Faber, Dijkstra, Visser, Teitsma, mefrou Visser, Eisenga, mefrou Glas en van Rijn. Tsjin de leden Jansma, Ketellapper, Roorda (jout in tsjinferklearring)Boersma en van der Ende. De underwiis-moasje fan de PvdA wurdt sunder haadlike stimming oannommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 6