- 2 - 3» Utstel om meiwurking te ferlienen op grun fan kest 74 fan de Wet op it Basisunderwiis oan it bestjoer fan de Fer. foar Kr. Underwiis te Stiens foar it ferfangen fan de dakgoaten en meiwurking te wegerjen foar de ferfanging fan de flierbedekking. 89/25 0849 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 4. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in stripe grun oan de hear K. Oevering te Stiens, 89/26 0858 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, de foar- sitter en wethalder Van Rijn. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wet halders besluten. 5. Utstel oangeande it wizigjen fan de merke-oardering. 89/27 1022 m. Sunder diskusje e» haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 6. Utstel oangeande it wizigjen fan de oardering op it heffen en ynfoarderjen fan steanjilden. 89/28 1026 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Jansma, Boersma, de foarsitter en wethalder Van Rijn. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 7Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it op *e nij ynrjochtsjen fan it terrein foar it perseel Smelbrege 3 te Stiens. 89/29 1174 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Roorda, Jansma, Boersma, Dijkstra, Teitsma en wethalder Van Rijn. Wiidweidich wurdt praat oer de fraach oft it hjir giet om in foarsjenning dy't de gemeente foar syn rekken nimme moat, dy't de oanfreechster betelje moat of werfan de kosten op 50-50 basis ferdield wurde moatte. It kolleezje dielt mei, dat it utstel om de kosten foar rekken fan de gemeente te nimmen mei ynjun is troch de luden yn de kommisje Iepenbiere Wurken. Der is no in mearderheid foar it freegjen fan in bydrage yn de kosten. Dat haldt dan yn in ferdieling op 50-50 basis sa't earder oerien- kommen is. Wol de rie in oare ferdieling dan moat der op 'e nij under- hannele wurde. It kolleezje lukt syn utstel yn en stelt no ut in bydrage te freegjen fan f 2.500, It aide utstel (kosten alhiel foar rekken fan de gemeente) wurdt earst yn stimming brocht. Foar binne de leden Roorda, Faber en Dijkstra. Alle oare leden binne tsjin, sadat dit utstel mei 10-3 stimmen fersmiten is. It neiere utstel wurdt sunder haadlike stimming oannommen mei oantekening - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 4