LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Underwerp Riedsgearkomste Stiens, 19 maaie 1989 Oan de Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan de 25® maaie 1989 by te wenjen. De gearkomste wurdt halden op it gemeentehus te Stiens en begjint om 19.30 oere. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 27e april 1989. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 3. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - doarp (Hegebuorren) 4. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in stikje grun oan it Provinsjaal Elektrisiteits Bidriuw te Ljouwert en it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - doarp foar de bou fan in skeakelstation by it Waling Dykstrapark te Stiens. 5. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in stikje grun oan de L. Jel- lingastrjitte te Britsum. 6. Utstel oangeande it ferlienen fan rjocht fan opstal foar moune "De Hoop" te Stiens. 7. Utstel oangeande foarming en regulearring Noardlike Bestjoers- akadeemje. 8. Utstel oangeande in subsydzjeoanfraach fan it doarpshus "De Kampioen" te Hijum. 9. Utstel oangeande in subsydzje-oanfraach fan de "Stichting Reinwater" 10. Utstel oangeande it foarriedich feststellen fan de rekkens takken fan tsjinst en de gemeenterekken oer it jier 1987. 11. Utstel oangeande it beneamen fan fjouwer leden yn it algemien bestjoer fan de Sintrale Post Ambulanseferfier Fryslan. 12. Utstel oangeande de bou fan 2 wenningwetwenten oan de Kakewei te Stiens en 4 wenningwetwenten oan de Kamp te Britsum. 13. Utstel oangeande it foarriedich feststellen fan de jierrekken 1987 fan it fersoargingshus Skilhiem te Stiens. 14. Begruttingswizigings. Op de siktarv lizze de stikken mei yngong fan de 22e maaie 1989 foar de leden fan de rie op besjen. 89/66 89/67 89/68 89/69 89/70 89/71 89/72 89/73 89/74 89/75 89/76 89/77 De boargemaster H. BOSCHMA Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it utstel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 2