- 2 - Hjiroer wurdt it wurdt fierd troch de hear Teitsma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalder besluten. 6. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestim- mingsplan butengebied (Mieddyk in Hijum) 89/53 1186 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Teitsma en de foarsitter. De hear Teitsma komt mei de fraach werom der mei de bou net binnen it bebou- wingsblok bleaun wurde kin. De foarsitter andert dat in agrarysk bedriuw in protte rumte wier wol bruke kin; der is eartiids ek al ris in stik grun oan dit blok tafoege. Lykwols sil kritysk besjoen wurde of yn dit soarte gefalien utwreiding binnen it be- steande bebouwingsblok realisearre wurde kin. Giet it der oerhinne dan moat dat dudlik taljochte wurde. 7Utstel oangeande it oankeapjen fan in stikje grun te Britsum fan de St. Dr. Popta Gasthus te Ljouwert 89/54 1264 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 8. Utstel oangeande it ferkeapjen fan iepenbier grien 89/55 1270 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 9. Utstel oangeande it jaan fan nammen oan strjitten yn it bestimmingsplan It Heechhof yn Stiens 89/56 1274 m. Wat dit punt oanbelanget sprekt mefrou Glas har wurdearring ut oer de help dy't jun is troch gemeentewurken. Wethalder Van Rijn seit, dat er dizze meidieling oerbringe sil. Sunder fierdere diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 10. Utstel oangeande it gemeentlik Wolwezen 89/57 1287 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Van der Ende, mefrou Glas, de hearen Ketellapper, Jansma, Roorda, wethalder Van Rijn en de foarsitter. De FNP-fraksje dielt it kolleezje mei it utstel net te stypjen. De PvdA-fraksje komt mei in wizigingsutstel: it ferleegjen fan de besunigings foar amateuristyske keunstbeoefening mei 5 en hjirfoar de post "Unfoarsjoen" dan oan te sprekken. Wethalder Van Rijn merkt noch op, dat der hoe dan ek f 40.000,besunige wurde moat, nettsjinsteande dit utstel. Der soene heechut wat ferskowingen plak hawwe kinne binnen de besunigings. It wizigingsutstel wurdt yn stimming brocht en mei 9-4 stimmen oannommen. Foar binne de leden Faber, Dijkstra, Boersma, Van der Ende, wethalder Visser, mefrou Visser, de hear Eisenga en mefrou Glas, wylst de hearen Ketellapper, Jansma, Roorda en wethalder Van Rijn tsjin stimme. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 4