- 3 - Dernei wurdt it utstel sa't dat fierder troch it kolleezje opsteld is yn stimming brocht. Dit utstel wurdt mei 8-5 stimmen oannommen. Foar binne de hearen Ketellapper, Jansma, mefrou Visser, mefrou Glas, de hearen Teitsma, Eisenga en de wethalders. Tsjin binne de hearen Faber, Dijkstra, Roorda, Boersma en Van der Ende. 11. Utstel oangeande in besunigingstaakstelling foar de sport '89 89/58 1870 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Jansma, Faber en de foarsitter. Nei'tdeCDA en de FNP-fraksje harren utlitten ha oer it wichtige plak dat sport binnen harren fraksjes ynnimt en dat der ek net mear besunige wurde moat, wurdt dochs mei algemiene stemmen neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 12. Utstel oangeande it skieden ynsammeljen fan hushaldoffal 89/59 2029 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, Roorda, Teitsma, wethalder Van Rijn en de foarsitter. Alle fraksjes hawwe in positive ynstelling wat dit punt oanbelanget. Sunder haadlike stimming wurdt derom ek neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. In fraach fan de kant van de PvdA oer it ferwurkjen fan kuolkosten en kontainers ut It Heechhof sil opnommen wurde mei de kommisje Reinigingstsjinst. Punt 13 is fan de wurklist offierd. 14. Utstel oangeande it jaan fan neijere ynformaasje oer de aksje tankslach 89/61 359 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Eisenga, Van der Ende, Roorda en wethalder Van Rijn. De fraksjes fine it in wichtige saak en freegje it ferrin folgje te kinnen troch rapportage van de kommisje Middels. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 15. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it ferfangen fan de auto's fan de branwacht 89/62 783 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Dijkstra, Boersma, Jansma en de foarsitter. Alle fraksjes jouwe positive reaksjes oer it funksjonearjen fan de branwacht en oer de needsaak fan goed reau. Troch de CDA-fraksje wurdt frege oft de garaazje fan de branwacht ek te lyts wurdt mei dizze auto's. De foarsitter seit, dat dizze romte ek mei dizze neie auto's grut genoch skynt te wezen, en dat dat net oanlieding weze sil om aanst mei it utstel foar in nij underkommen te kommen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 5