/y - 4 - 16. Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de Beliedskommisje Wolwezen 89/63 1020 m. De hear Schaafstal wurdt mei 5 stimmen foar, 3 stimmen unjildich, en 5 stimmen blanko beneamd. 17. Utstel oangeande It oankeap.jen fan It perseel It Oerd 2 te Hyum en It ferkeapjen fan de undergrun fan dit perseel 89/64 1074 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Roorda, Teitsma, wethalder Van Rijn en de foarsitter. Troch de CDA en PvdA fraksjes wurdt frege, hoe't men oan it bedrach fan f 10.500,komt. Wethalder Van Rijn ljochtet ta, dat der in ferskil is tusken de hannelspriis en de taksaasjewearde. De foarsitter siet dat it keapjen fan dit perseel yn it ramt fan de doarps- fernijing wol nedich is, om takomstige, wierskynlik, minder positive unt- jouwingen foar te wezen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 18. Utstel oangeande it ferfier fan learlingen 89/65 1230 m. Sunder diskusje en sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 19. Begruttingswizigings 1233 m. De wizigings wurde sunder diskusje en sunder haadlike stimming feststeld. Besluten yn de riedsgearkomste fan 25 maaie 1989. ie~~slktanis foarsitter, (T.P. van Deuteko oschma)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 6