1LEEUWARDERADEEL I GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 25 maaie 1989. Oanwezich; mefrou Glas, de hearen Teitsma, Eisenga, Faber, Dijkstra, Ketellapper, Jansma, Roorda, Boersma, Van der Ende en de wethalders Visser en Van Rijn. Ofwezich mefrou G. Visser Foarsitterde hear H. Boschma Siktaris de hear T.P. van Deutekom Ban I - 0000 m. 1Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 27e april Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Ketellapper, Faber, Jansma, Boersma, wethalder Van Rijn en de foarsitter. De fraksjes freegje de foarsitter om in taljochting by punt 16, oer de feroaring fan de stimmingsutslach nei ofrin fan de leste riedsgearkomste. De foarsitter seit, dat de utslach fan dy stimming yn earste ynstansje net goed meidield is. Hy leit ut, dat, wannear't der by in stimming gjin sprake is fan in tsjinkandidaat (en dat is by dit punt it gefal)de te beneamen persoan net de mearderheid fan de stimmen hoecht. Dat is de reden dat de utslach letter korrizjearre is. Wat punt 6 oanbelanget wurdt der opmerkt, dat dy tekst noch mei de wurden: "Sunder haadlike stimming is neffens it utstel fan boargemaster en wet halders besluten" oanfolle wurde moat. De beslutelist wurdt fierder sunder haadlike stimming feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 89/66 0330 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber (Il-f), Van der Ende (Il-f)Teitsma (Ill-e)wethalder Visser en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 3. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens - doarp (Hegebuorren) 89/67 0542 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas, de hear Dijkstra en wet halder Van Rijn. 1989. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 6