- 2 - 5Utstel oangeande bestjoerlik oerlis ynsake oanwizing bestimmingsplannen om de fleanbasis Ljouwert hinne. 89/127 0136 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas en wethalder Van Rijn. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. (De foarsitter stelt ut om earst punt 7 oan 'e oarder te stellen en dernei punt 6 te behanneljen) 7Utstel oangeande in oanluken fan in jildliening foar de Wenningstifting L.j ouwert-Lj ouwer teradiel 89/129 0385 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge master en wethalders besluten. 6. Utstel oangeande it finansierjen fan de sos.jale wenningbou. 89/128 0390 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Jansma, Eisenga en de foar sitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders. 8. Utstel oangeande it ferlienen fan in ferbouwingssubsydzje oan de Stifting Tele Radio Ljouwerteradiel. 89/130 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Jansma, Eisenga, Dijkstra, Van der Ende, wethalder Van Rijn en de foarsitter. De fraksjes binnen oer it algemien fan betinken dat de studio der no kreas utsjocht en dat de Stifting dan ek in kans krije moat om har te bewizen. It kolleezje is ek fan miening, dat de Stifting yn steat steld wurde moat ut te stjoeren en sa sjen te litten oft se it fertrouwen fan de gemeente wurdich is. It liket de CDA-, PvdA- en FNP-fraksjes ferstannich ta om de Stifting te begelieden by it opsetten fan in goede administraasjemar dit mei net liede ta bemoeienis. Wethalder Van Rijn seit, dat, as dit utstel oannommen wurdt, der dan regelmjittich oerlis weze sil om sa in finger oan e pols te halden. De FNP-fraksje lit wol witte dat dit de leste kear is, dat se ynstimt mei in kredyt foar dizze Stifting. De WD-fraksje kin op dit stuit noch net akkoart gean mei it utstel en stiet op het stanpunt dat der earst, nei de rie ta, mear wissichheid komme moat oer de finansjele kant. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten, mei de oantekening dat de WD-fraksje achte wurdt tsjin stimd te hawwen. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 4