9. Utstel oangeande de oanlis fan in ferbining fan de studio mei it gemeentehus foar it dwaan fan rjochtstreekse utstjoerings fan de St. Tele Radio Ljouwerteradiel. 89/131 1326 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Jansma, Van der Ende, Eisenga en wethalder Van Rijn. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 10. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it basis- riolearringsplan It Skil te Stiens en de kearn fan Britsum. 89/132 1412 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber, mefrou Glas, wethalder Van Rijn en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 11. Utstel oangeande it ferlienen fan in bydrage foar it bestriden fan de klopkever 89/133 1587 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma, Jansma, mefrou Glas, de hear Faber en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 12. Utstel oangeande it besteegjen fan startjild lanlike aksje ferkears- feiligens. 89/134 1703 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Jansma, Ketellapper, Eisenga, Van der Ende, Faber en de foarsitter. In tal leden hat muoite mei it beskikber stellen fan in bedrach foar de ombou fan in plysje-auto. De hearen Eisenga en Van der Ende binne fan betinken dat it aspekt al- kohol mear yn it ferkearsfeiligensprojekt belutsen wurde moat.^De by- oplieding fan rydbewiishalders wurdt net as in sterk punt beskoge. Nei in underbrekking fan de gearkomste wurdt dan ek utsteld om dit punt los te litten en it fieren fan in aktyf belied op 't med fan alkohol yn 't ferkear, te begjinnen by it basisunderwiis, der yn te beluken. Yn de kommisje Middels sil dan mei neiere utstellen kaam wurde. It kolleezje nimt dit ^banpunt oer. De foarsitter seit dat er dit oer- bringe sil oan de plysje. De oanskaf fan sets materialen foar de skoallen foar praktysk ferkears- underrjocht hat algemiene ynstimming. It beskikber stellen fan in bedrach foar foarsjenning oan de unopfallende surveillanse-auto wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden: mefrou Visser, mefrou Glas, de hearen Eisenga, Jansma, Roorda, Boersma en de wethalders Van Rijn en Visser; tsjin binne de leden: Faber, Dijkstra, Ketel lapper en Van der Ende. It utstel wurdt mei 8-4 stimmen oannommen. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1989 | | pagina 5