LEEUWARDERADEE GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 25 jannewaris 1990. Oanwezich: mefrou Visser, de hear Teitsma, mefrou Glas, de hearen Eisenga, Faber, Dijkstra, van der Ende, Boersma, Roorda, Jansma, Ketellapper en de wethalders van Rijn en Visser. Foarsitter: de hear H. Boschma Siktaris de hear T.P. van Deutekom Ban I - 1067 m. -o-o-o-o-o-o- 1. Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan 19 desimber 1989. Dizze wurdt unferoare feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings 1137 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma - Ila (fersyk om de beslutelist dudliker te meitsjen foar net leden)Boersma - IIIc, Faber Ill-d, wethSlder Visser en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 3. Utstel oangeande it wizigjen fan de beleanings-oardering. 90/2 1320 VKStr. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou^Jjlas"'en de foarsitter. Tasein wurdt dizze saak noch yn it G.O. oan de oarder te stellen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 4. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Aide Leije. 90/3 1358 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 5. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens-doarp (tun fan Mook) 90/4 1362 m. De hear Teitsma dielt mei dat syn fraksje, sa as earder, tsjin dit utstel is. Dit wurdt yn stimming brocht. Foar it utstel binne de leden van der Ende, Faber, Dijkstra, Visser, Van Rijn, Jansma, Roorda, Ketellapper en Boersma. Tsjin binne Teitsma, Eisenga, Glas en G. Visser. -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 106