- 3 -
Dit wurdt yn stimming brocht. Tsjin binne de leden W. Visser, Teitsma,
Eisenga, Glas, G. Visser, van Rijn, Jansma en Roorda.
Foar binne de leden van der Ende, Faber, Dijkstra, Ketellapper en
Boersma. Dit utstel is alsa mei 8-5 stimmen fersmiten.
It utstel fan it kolleezje wurdt dermei yn stimming brocht en mei 8-5
stimmen oannommen.
12. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de oanskaf
fan in skaftkeet.
90/11 0376 m.
Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper en Jansma
(oer syn fraksjegenoat Ketellapper).
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster
en wethalders besluten.
13. Utstel oangeande it ferlienen fan in bydrage oan de Stifting Presentaasje
Li ouwerteradiel
90/12 0410 m.
Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van der Ende, Jansma, Dijkstra,
Mefrou Visser en wethalder Visser.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en
wethalders besluten.
14. Utstel oangeande it feststellen fan de jierrekkens 1988.
90/13 0765 m.
Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van der Ende (ut namme fan
de kommisje fan undersyk)Eisenga, en de foarsitter.
De hear van de Ende hat u.o. de folgjende fragen:
- kin der ek suniger begrutte wurde, sjoen it oerskot op de rekken;
- in oersjoch fan unrendabele perselen foar oanslutingen op it gasnet;
- wannear komt der in nije kalkulaasje fan it plan "Industrieterrein I
- Idem, fan Jelsum;
- Hoe stiet it mei de foardering op it ryk (ministearje 0 en W)
- By iepenbiere wurken binne der fikse bedragen oerhinne gien mar ek
der under bliuwn. Kin dat ek sekuerder?
De foarsitter bringt in wurd fan wurdearring oan it personiel.
In tal ferskowings is net foar te kommen. Hy neamt inkelde foarbylden.
Der is in list oanwezich fan unrendabele perselen.
Kalkulaasjes foar bestimmingsplannen wurde elts jier op'e nij makke.
De bedragen dy't 0 en W noch te beteljen hie binne dizze wike untfongen.
De heer Eisenga zegt dat aan de rekeningen te weinig aandacht wordt
besteed. Hij pleit er voor deze behandeling dichter bij die van de
begroting te doen plaatsvinden.
Hij vraagt of het gelet op mogelijke begrotingsoverschotten mogelijk is
in de loop van het jaar een aantal keren te rapporteren over de stand
van zaken, zodat bezien kan worden of aanpassing van het beleid nodig is.
-4-