- 3 - 6. It oare positive is, foarsitter, dat einliks mei it ferbettcrjen fan de dyk Stiens-Ljouwert begun is. In foarbyld, sa as it yn wezen net moat, want dit hat wol tweintich jier omkriemd. Mar hawar, no komt it dan dochs noch klear. Oft it in dudlike ferbettering weze silmoatte wy ofwachtsje. Wer de beboude kom fan Ljouwert begjint, rinne jo yn'e fuke, en Ljouwert kinnende, sil men dat der tige best fine. Ek binne wy bang dat de fytsers it gelach betelje moatte, no dy net mear in eigen paad hawwe. Wy hawwe soarch oer de feiligens fan dizze wichtige ferkearsstream mei bulten skoalbern. 7. Wat us tige oan it hert gien is, is de algehiele kealslach fan de bebos- king oan dizze dyk. It wie nei us betinken ien fan de moaist oanklaaide diken fan it noarden. Wy freegje it kolleezje mei klam alle prikken yn't wurk te stellen om by de provinsje der op oan te stean, dat dy beplanting wer like royaal oanbrocht wurdt. Mei de reitseamen, dy wer oanplante wurde sille by fearten en wetter- gongen lans moatte wy der attint op weze, dat us noardhoeke in libbcne, moai oanklaaide wrald wurdt. Wy moatte of fan it imago (byld) fan in kalde, unwennige klaaihoeke. Wat dat oanbelanget kin der noch hiel wat dien wurde oan de dyk nei Froubuorren 8. De dyk nei Ljouwert jout mooglik ek nije kansen foar twa fan us lytse doarpen: Hijum en Aldeleie. Der lizze bouterreinendy't net ferkocht wurde. Wy stelle it kolleezje foar mei in utstel te kommen om in flinke subsydzje te jaan by ferkeap fan dizze grun. Wy tinke hjirby oan minimaal 5.000,it perseel. It kin dizze doarpkes stimulearje en it kostet feitliken gjin jild. Elts jier de rinte byskriuwe sil der ta liede, dat wy oer safolle jier, dochs in flink stik jild ofboeke moatte, sa as al earder nedich wie. Dan kinne jo it fuortendaliks ek wol dwaan. Wat de wenningbou yn us gemeente oanbelanget foarsitter, binne wy fan betinken, dat der yn1 bysunder omtinken weze moat foar de alderein en foar de jongerein. Foar de alderein, om't us befolking al mar feraldert en dertroch mear romte nedich hat. Foar de jongerein, om't no al mar mear fan harren nei de sted (Ljouwert) luke, om't yn eigen gemeente gjin foldwaandeT oan harren easken oanpaste, wenromte is

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 33