- 6 - It krommelwurk fan it ferheegjen fan leezjes, hunebelestingensh.smyt gjin kapitalen op en men kin ek net elts jier ferheegje. It ferheegjen fan de rioelheffing en de unreplikguodbelesting is net sympatyk tsjinoer de boargers en kin elts jier gjin utkomst jaan. Boppedat priist Ljouwerteradiel him as wengemeente dan ut'e merk as dizze belestingen - lesten foar de boarger - grouwelich heech wurde. En hokfoar lesten oangeande it miljeu steane us de kommende jierren noch te wachtsjen? De FNP-fraksje is fan betinken, dat it de heechste tiid is om de finansjele posysje fan de gemeente op*en nij te besjen. Fierder gean sa as wy no dogge, kin us gemeente yn gr .te finansjele swierrichheid bringe. En dan moatte wy us allerearst offreegje of it gemeentlik apparaat effisjint en saaklik bereden wurdt en dat de lesten hjir oan ferbun, ta de leste sint ferantwurde binne. Runom sjocht men reorganisaasjeslikegoed by bedriuwen as by oerheidstsj sten, dy ta doel hawwe de kosten te beheinen en finansjeel sun te wurden. Is it by us gemeente faaks ek in bytsje ut'e han run yn'e rin fan de j ierren? Men sil op dizze fraach daliks ree weze om "nee" te sizzen. 7 Men sjocht it faaks sels net mear. Men docht it ommers goed? Mar is dat wol sa? Is men altemets ek hjir en der in bytsje bedriuwsblyn wurden? En wa snijt no graach yn eigen fleis? Us fraksje stelt derom ut, om it gemeentlik apparaat oan in unofhinklik en in mei de saken op'e hichte wezend undersyk te underwerpen, om in andert op sakrekt neamde fragen te krijen. Foar de goede oarder: wy sizze net dat der net effisjint wurke wurdt en dat it wat de kosten oanbelanget ut'e han run is. Mar wy wolle dit wol graach befestige hawwe op de wize, sa as troch us hjir foar oanjun is en dan graach ek noch op koarte termyn. Wy binne graach ree om it bedrach dat foar it jier 1992 ruze is, foar dit doel yn te setten en no beskikber te stellen, ta neidiel fan it bedrach foar utsetting fan it budzjet. Kin it kolleezje bygelyks ek sifers jaan fan ferlykbere gemeenten fan likernoch 10.000 ynwenners? Dat soe in idikaasje jaan kinne yn hokker rjochting wy it sykje moatte. Derneist sille wy us beriede moatte oer beskate utjeften, dy in swier beslach lizze op'e ponge en us offreegje moatte of dy needsakelik binne, of dat wy der ek sunder kinne, as mei minder. Automatisearring bygelyks, it fret tonnen jild, mar wer bliuwe de be- sparrings?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 36