Algemiene skdgings 1989 fan de V.V.D.
Foarsitter
1989 hat in wichtich jier west, foar us gemeente, mar seker ek op ynter-
nasjonaal med. Hoewol it us gewoante net is yn dizze seal op de
ynternasjonale polityk yn te gean, kin ik dit yn dit gefal net litte.
It barren yn de East-blok lannenmakket sa'n grutte yndruk op us allegearre,
sadat we der net omhinne kinne. Wat yn Poalen begun is, is as in oaljeflek
troch de oare East-blok lannen gien. Bylden komme by us oer, minsken witte
net wat harren oerkomt, dat se foar har miening utkomme kinne. minsken dy't
fjochtsje moatten ha foar in frijheid, dy't wy sa gewoan fine. De moeting
^tusken de presidenten Bush en Gorbatsjof op Malta begjin dizze moanne hat
it ein fan de kalde oarloch ynlaat. Nimmen hie tinke kinnen dat de feroaringen
yfl
elkoar sa hurd opfolgje soene. We kinne stelle dat de dfrune moannen histoarje
skreaun is.
Werom nei Ljouwerteradiel. Ek foar us gemeente hat 1989 in wichtich jier
west,mar wol op in hiel oar med. It realisearjen fan de dyk Bjouwert
Stiens, better let as net. It nije plan "it Heechhof" wer't yryie^ earstee
fasa de huzen fan de grun kommeDe ferbetteringen yn Aide Leye eb eK de"" W/7
ruilferkaveling ljouwerteradiel hat fier hinne syn beslach krigen. Ek de
duobak is in wichtige stap foarut, sa wurdt it miljeuprobleem by de boarne
oanpaktFoar safier in weromblik op it dochs wol wichtige jiet 1989.
Der wurdt wolrid sein dat bestjoeren foarutsjen is. Ek us fraksje wol
middels dizze skdgings de kans nimme us blik foarut te rjochtsjen wat us
gemeente oanbelanget.
Dat der dit jier, utsein de fersmoargingsheffing gjin belestingferheging
ut de begrutting kommen is docht us goed. Hjir blykt lit. dat der ek rekken
halden is mei de polityke winsken. De besunigingen fan de Ryks-oerheid nei
de gemeentes ta,ha yn de 5frune jierren grutte foarmen oannommen. No't der
in nij regear kommen is, moatte wy dfwachtsje hoe't dit yn de takomst weze
sil, folle ferdusje ha wy der net yn. As ik dan yn de "Nederlandse Gemeente"
numer 44 lezen ha dat de oanpassingen yn it regearakkoord foar de gemeenten
net tarikkend is, wurd ik der net restiger op. Nederlan hat al net sa'n
geunstich belestingklimaat en ek de leechste oerheid, de gemeente, moat syn
finansjele mooglikheden en dnmooglikheden goed ofwageWat no ek bard is.
I