Mei oare wurden,wy binne fan betinken, dat de boarger al swier genfich
beleste wurdt.
It stanpunt fan us fraksje oer it frijstellingbelied oangeande gemeentelike
tarieven is yn dizze seal bekend. Dat wy hjiryn net alinne steane,die
bliken tidens de kursus oer gemeentefinansjesDe hear van Zanten, docent
fan dy kursus, stelde-ik sitearje, Gemeentelijke belasingen lenen zich niet
voor kwijtscheldingsbeleid. De rijksoverheid bepaalt de hoogte van de
belastingen, de gemeentelijke belastingen zijn zakelijke belastingen.
Dizze problematyk wie ek oan de oarder tidens de gearkomste sosjale saken
VN(i
fan de VGN op 22 juny yn Den Haach. De hear Hoen stelt der foar in
kwytskeldingsbelied te wezen, mar dan alinne as de gemeente dat dan wer
fergoede kriget fan it ryk. As men it der oer iens is, dat de keapkreft
te rain is as der gjin frijstellingen ferliend wurde, sil it basisbedrach
omheech moatte. De 20%-noarra liket no fan de baan te wezen mar we moatte us
wol realiseare, dat alle jild utjoun oan frijstellingen wol oer de 10% hinne
komt. Lokkigernoch is it bedraclp&foch net feruntrestend.
Hoe't de rie der nei maart 1990 ek ut komt te sjen, wy binne de ofroune
jierren wol gewaar wurden dat de beamraen net mear oan de himel tagroeie.
DSr ha wy no rekken mei te halden en der sil ek nei maart 1990 rekken mei
halden wurde moatten. Der sille prioriteiten stelt wurde moatte, dy't
fansels foar de ien oars lizze sille, as foar de oar. Yn dizze is in
mearjierrenrflzing en faaks noch mear in mearjierrenplanning fan grut belang.
It fait us hjir op dat der bygelyks swier? ynvestearingen plant steane op
it med fan de automatisearring. Wy witte wol, dat je in dflbeltsje ut j aan
moatte om in kwartsje te fangen, mar wy freegje tis wol <5f as sokke hege
bedragen foar us dochs lytse gemeente ferantwurde binne.
Foar 1992 is der in doelmjittigensundersyk plant. Soe it ek ferstannich
weze kinne om dit undersyk mei om de hjir foar neamde reden nei foaren te
heljen. Automatisearring sil grif gefolgen ha foar funksjonearen en
besetting fan it persoaniel.
De wurkgelegenheid yn us gemeente is sterk orientearre op de agraryske sektor.
De boeren sels, mar ek de taleveringsbedriuwenbanken, ferwurkingsbedriuwen,
ensafuorthinne binne nei besibbe oan dizze sektorDe agraryske sektormei
alles wat der by heart wie en is foar us gemeente dan ek fan grut belang.
Benammen yn de ikkerbou is der in sitewaasje dy't foar de belutsen minsken
net sa aardich is. Wy freegje us Sf as wy as gemeente ek in taak ha kinne
yn it b.g. stimulearjen fan nije untjouwingen yn ikkerbou en feehSlderij
It giet net oan dat plattelansgemeenten yn dizzen noch mei ekstra maatregels
en feroardeningen komme boppe datjinge wat oplein wurdt troch ryk en provinsje.
Dat de plannen fan minister Braks in probleem foar de lanbou ynhalde kinne
is benammen foar Fryslan seker. It ferset fan de provinsje yn dizze sil,