soe alles ek folle dudliker wurde foar de subsidienten en sil it bedrach de ynwenner seker foar de saneamde "dubbele" gemeentes omleech gean. Meiinoar sille wy konstruktief nei in oplossing sykje moatte. Is it kolleezje ree mei de oare regiogemeentes in oplossing yn dizze rjochting te flndersykjen? De ofrune jierren is der yn en bGten dizze seal al hiel wat ofpraat oer de kabeltelevyzje. Yn dizze seal mear oer de finansjele kant fan de saak. Hoewol't de eksploitaasje oan't no ta geunstiger utpakt as wy earst ferwachten. liket it us wol ta, dat it fenomeen kabelT.V. ek yn de takmst de nedige oandacht freget. De diskusje oangeande regionalisaasje fan sintrale antenne- ynrjochtingen komt op. Der is in grutte Qntjouwihg op technysk med en ek de oanbodside komt mei nije untjouwingenunder oare mear programma1 sWy freegje us 5f wat de rol fan in betreklik lytse gemeente as Ljouwerteradiel yn dit grutte gehiel weze moat en kin. It kolleezje kin hjir fansels ek gjin andert op jaan want benammen yn dizze matearje stiet de Gntjouwing net stil. It kolleezje hat us witte litten dat hja fan doel binne mei in foarstel te kommen oangeande oansluting fan it Skilhiem en de oanleunwenten. Dit liket us in fanselssprekkende saak, oangeande de tariaven sjogge wy jimme foarstellen temjitte. Ferskate saken binne oan de oarder steld, noch mear ha ik lizze litten, net dat dy minder wichtich weze soene, mar de saken oangeande de gemeente binne safolle omfiemjend dat we se allegear net oanhelje kinne. Ik wol beslute mei de winsk ut te sprekken dat hoe't de rie en it kolleezje nei raaart 1990 ek gearstald weze sil, it kolleezje de besldten troch de rie noimnen mei nocht utfiere sil. V.V.D fraksje Iijouwerteradiel H.A.J. Boersma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 9