2 4. Utstel oangeande it ferlengen fan de W.W.V.-ferfangende maatregel 90/19 0903 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 5. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens-doarp (bouplan Buwalda) 90/20 0907 m. 6. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan butengebiet (bouplan Spoelstra) 90/21 0912 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Faber, Boersma, Roorda en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 7. Utstel oangeande it wizigjen fan de oardering op it ynfoarderjen fan de offalstoffenheffing en himmelrjochten 90/22 1160 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 8. Utstel oangeande it ynstellen fan in baggerfuns foar de Marrekrlte 90/23 1165 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Dijkstra, Teitsma, Faber en wethalder Van Rijn. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 9. Utstel oangeande it wizigjen fan de oerwei tusken d'Orient en plan Sud yn in "iepenbiere oerwei" 90/24 1304 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boar gemaster en wethalders besluten. 10. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar wenningmerk- undersyk 90/25 1308 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas, de hear Dijkstra en wethalder Visser. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten, mei de oantekening dat de FNP-fraksje achte wurdt tsjinstimt te hawwen. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 5