LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomst fan 1 maaie 1990. Oanwezich de hear Teitsma, mefrou Visser, mefrou Glas, de hearen Van der Heide, Eisenga, Boersma, Van der Ende, Faber, Dijkstra, Van Rijn, Ketellapper, Jansma en De Vries. Foarsitter: boargemaster H. Boschma Siktarisde hear T.P. van Deutekom Ban I - 1430 m. 1Beediging fan de beneamde riedsleden Namme eed/belofte brukte taal de hear Teitsma belofte Frysk mefrou Visser belofte Hollansk de hear Eisenga belofte Hollansk mefrou Glas belofte Hollansk de hear Van der Heide belofte Hollansk de hear Van Rijn eed Frysk de hear Jansma eed Frysk de hear Ketellapper eed Hollansk de hear De Vries eed Frysk de hear Boersma belofte Frysk de hear Van der Ende belofte Frysk de hear Faber belofte Frysk de hear Dijkstra eed Frysk 2. Ferkiezlng fan de wethalders De hear Teitsma draacht mefrou Glas foar en de hear Van Ri.jn de hear Jansma. Op mefrou Glas wurde 9 stimmen utbrocht en op de hear Jansma 11. Beide nimme har beneaming oan. 3Oanwizing fan de sitplakken fan de leden van de rie De foarsitter wiist de plakken oan neffens de aide opstelling (PvdA en FNP lofts en CDA en WD rjochts). 4Utstel oangeande it beneamen fan leden en plakferfangende leden yn de riedskommisje "Middels" 90/59 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Faber en de foarsitter. Mei algemiene stimmen wurde beneamd ta lid de hearen Eisenga, De Vries, Van der Ende en Dijkstra. Ta plakferfangend leden de hearen Teitsma, Van Rijn, Boersma en Faber. 5Utstel oangeande it beneamen fan leden en plakferfangende leden yn de riedskommisje "Doarpsuntwikkeling en Iepenbiere Wurken" 90/60 Mei algemiene stimmen wurde beneamd ta lid de hearen Teitsma, Van Rijn Boersma en Faber. Ta plakferfangend lid mefrou Visser en de hearen Ketel lapper, Van der Ende en Dijkstra.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 17