LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 31 maaie 1990. Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Teitsma, Eisenga, Van der Heide, Faber, Dijkstra, Van der Ende, Boersma, de Vries, van Rijn, Ketellapper en de wethalders Jansma en mefrou Glas. Foarsitter: de hear Boschma Siktaris de hear van Deutekom Ban I - 0000 m. -o-o-o-o-o- - Fersyk fan de siktaris om untslach yn ferban mei syn beneaming yn de gemeente Tubbergen Sunder haadlike stimming wurdt besluten de siktaris earfol untslach te ferlienen. 1Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 24 april 1990 en 1 maaie 1990. Sunder haadlike stimming wurde dizze feststeld mei de oantekening dat by punt 13 fan de aginda fan 1 maaie de omskriuwing by sub 17 net just wie. 2. Ynkommen stikken en meidielings 0180 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma (Il-d)Faber (Il-h) van der Heide (Il-a en c)Eisenga (Il-d) Teitsma (Il-i)van Rijn (Il-i en g)Dijkstra (Il-d)wethalder mefrou Glas, wethalder Jansma en de foarsitter. Nei oanlieding fan de diskusje wurdt tasein, dat: - oer de aid skoalle yn Britsum noch in petear plak fine sil yn Iepenbiere Wurken; - prebearre wurde sil foar de fekansje noch mei in meidieling/utstel te kommen oangeande "de Jint"; - de rie ynformearre bliuwe sil oer de untwikkelingen oangeande de Madi. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 3. Utstel oangeande it wizigjen fan it amtnersreglemint 90/75 1575 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 6