- 3 - 11Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de kommisje Wolwezen 90/83 2093 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ketellapper. De hear Vos wurdt mei 10 stimmen beneamd, 3 stimbriefkes binne blanko. 12. Utstel oangeande it ynstellen fan in betrouwenskommisje foar it beneamen fan in nije boargemaster en in oardering derfoar. 90/84 2119 m. Mei algemiene stimmen wurde yn de betrouwenskommisje beneamd de hearen Teitsma, Faber, Boersma en van Rijn. 13Utstel oangeande it ynstellen fan de Stifting Wolwezen Ljouwerteradiel. 90/85 2180 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Rijn, van der Ende, Faber, van der Heide, de foarsitter en wethalder Jansma. De fraksjes kinne ynstimme mei de oergong fan de Stifting SKWL neidenije Stifting Wolwezen Ljouwerteradiel. De oare saken underfine noch al wat tsjinwar. Mei nammen it krediet foar de oanskaf fan nij meubilair. Der wurdt op oantrune it finansjele gedeelte noch ris yn de kommisje Wolwezen te bepraten. Sa ek in tal fragen fan de hear van der Heide. Guon wolle no gjin beslut nimme oer it frege krediet. Dit wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Boersma, van der Ende, Faber en Dijkstra. De oare leden binne tsjin. Hjirmei wurdt it utstel fan it kolleezje yn stimming brocht. Foar binne de leden de Vries, Teitsma, mefrou Glas, mefrou Visser, Eisenga, van der Heide, van Rijn, Ketellapper en Jansma. Tsjin binne de leden Boersma, van der Ende, Faber en Dijkstra. It utstel fan it kolleezje is dermei oannommen 14Utstel oangeande it untslach fan de direkteur i.b.s. Hijum 90/86 3073 m. Sunder diskusje en haadlike stimmen wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 15. Begruttingswizigings 3077 m. De FNP-fraksje wurdt achte tsjin de wiziging nr. 43 stimt te hawwen. Foar it oare wurde de wizigings sunder haadlike stimming feststeld. Besluten yn de riedsgearkomste fan 28 juny 1990. de siktaris de foarsitter, (T.P. van Deutekom) (H. Boschma)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 8