V LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Agindapunt: 7 Utstelnr90/124 Stiens, 24 septimber 1990 Underwerp moasje FNP oangeande de mannichte offal dy't mar oanwint. Oan de gemeenterie Yn de gearkomste fan 30 augustus 1.1. hawwe jimme bygeande moasje fan de FNP-fraksje under eagen han. Dy fraksje hat frege - en der is posityf op antwurde - dy moasje no yn jimme ried op it aljemint te bringen. Oer dy moasje merke wy it neikommende op: - it giet hjir om in lanlik probleem. Wat dat oangiet wurdt troch de oanbelangjende partijen al meixnoar oerlein. Dat hat ek al in tal maatregels/ofspraken opsmiten. - de oanpak fan dy problematyk sil hast altyd gearhingje moatte mei it opheljen en ferwurkjen fan offal (skieden ynsammeljen)Yn dat ferban sil in isolearre aksje fan dizze gemeente net folle doel hawwe en is yn alle gefalien in oparbeidzjen mei de gemeente It Bilt in eask. - op lokaal nivo (regio en mienskiplike reinigingstsjinst) wurdt al wurke oan in belied dat oerienstimt mei de yntinsjes dy't de moasje utsprektDer heart ek it tebekkringen fan it gebruk fanjjedoelde ferpakkingsmaterialen by, it ynfieren fan alternativen derfoar en it oerlis mei pleatslike undernimmers - it wolslagjen fan de maatregels op dat med hinget foar it grutste Par^ of fan in mentaliteitsferoaring op grutte skaal. It realisearjen der- fan ferget tiid fansels. It measte resultaat wurdt berikt as dy mentale feroaring massaal syn beslach kriget. It hat derom net folle doel dat us gemeente mei syn struktuer en omfang dat probleem allinnich oanpakt (wat wurdt der net in soad winkele yn Ljouwert, Sint Anne en oare plakken) Wy binne ree om yn de periodike kontakten mei it bedriuwslibben yn us gemeente en yn de mienskiplike reinigingstsjinst en/of de regio oan de beskreaune problematyk noch mear omtinken te jaan. Fierders binne wy fan betinken dat wy mei us belied op dat stik fan saken op'e goede wei binne. De moasje fersterket u$ belied net. It oannimmen fan de moasje sil feitlik ynhalde: in opdracht ta it oanskerpjen fan it belied op pleatslik nivo. Foar us gefoel stiet it effekt derfan noch tige yn'e kiif. Wy hawwe derom alhiel gjin ferlet fan dy moasje en slagge jimme foar dy net oer te nimmen. Dat alles hat neat te krijen mei de ferantwurdlikheid dy't us kolleezje en jimme ried hat foar dat beliedsmed. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, G. DIJKSTRA L.S. de boargemaster, S. JANSMA L.B.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 68