- 3 - 12Utstel oangeande beneaming leden algemien bestjoer fan OLAF, de CPAF en de ACF 90/97 1428 m. Mei algemiene stimmen wurde beneamd ta lid fan it algemien bestjoer fan: OLAF De hearen D. de Boer, J.H.G. Goeman Borgesius, Th. A.M. Janssen, R. van Lune, I. Sijtsma, B. Vries, A. Nieuwdam, J. Geersing en S. Schut. CPAF De hearen M. v.d. Galien, D.E. Heere, L. Huisman en B.P. Jansema. ACF De hearen B.G. Holtrop, G.J. te Loo en K. Dankert. 13. Utstel oangeande beneaming ferskate kommisjes Regio Noard-Fryslan 90/98 Dit utstel wurdt fan de aginda offierd. 14. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar sanearring fan in fersmoarge dobbe oan de Mieddyk te Hijum 90/99 1505 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van Rijn, Teitsma, Boersma, wethalder mefrou Glas en de foarsitter. De hear Teitsma freget te undersykjen of de fersmoarger te efterheljen is. Mevrouw Glas zegt dat het de vraag is of de schade op de erven kan wor- den verhaald. Is in onderzoek bij de Landinrichtingscommissie 15. Utstel oangeande de renovaasie gymnastyklokaal "de Dobbe" 90/100 1617 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van der Heide, Boersma, Ketellapper, de foarsitter en wethalder mefrou Glas. Tasein wurdt dat it kolleezje op de ombou fan de dusen werom komme sil yn de earstkommende gearkomste fan de kommisje DOW. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 16. Utstel oangeande de situaasje I.B.S. "de Jint" te Stiens 90/101 2024 m. Foar dit utstel yn besprek te jaan dielt de foarsitter mei, dat de passage op side 2 oer Hijum net yn it utstel thus heart. Dit is net fan it kolleezje. Oer it utstel wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Boersma, Faber, Dijkstra, Van der Heide, Teitsma, wethalder mefrou Glas en de foarsitter. De diskusje spitst him ta op de finansjele kant fan de saak, oer it gebruk fan ferienings fan it gymnastyklokaal en op it oerliz mei de oare skoallen. De hear Teitsma stelt foar it utstel oan te halden. Foar binne de leden Dijkstra, Teitsma, Eisenga, Boersma, Van der Ende en Faber. Tsjin de leden mefrou Glas, mefrou Visser, Van der Heide, Van Rijn, Jansma, Ketellapper en De Vries. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 6