- 3 - 13Utstel oangeande it ofkeapjen pachtskea D. Boelstra te Stiens. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Tulner, Boersma, van Rijn, de foarsitter en mefrou Glas. Ek nei in koarte underbrekking docht bliken dat it utstel net foar eltsenien dudlik is. Troch it kolleezje wurdt besluten it utstel werom te nimmen en dizze saak yn de kommisje "D.O.V." oan de oarder te stellen. 14. Begruttingswizigings Mei utsundering fan de wiziging oangeande punt 13 wurdt sunder diskusje en haadlike stimming neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 15. Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsplan Stiens Sud-East (bijgebou rydskoalle Zijlstra, Ungastins) Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van Rijn, Teitsma, Boersma, Tulner en de foarsitter. Ban II 0000 m. - 0245 m. Nei in koarte underbrekking wurdt it utstel yn stimming brocht en mei 7 tsjin 6 stimmen fersmiten. 16 Utstel oangeande tariedingsbeslut diel bestimmingsplan Hijum (bouw wenning Aide Ringwei 5) Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. Dizze beslutelist is feststeld yn de riedsgearkomste fan 18 desimber 1990 De siktaris, de boargemaster (D.P.Beereboom, l.s.) (Mr. C. Bijl)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 6