funksjonearringsgesprekken folgje te litten.Nei ferrin fan tiid moatte der yn dit kader aktuallisearringskurssusen folge wurde. Want it giet om minsken en der moat men soarchfaldich mei om gean. W5j wolle ek noch efkes stilstean bij it organisaesje-undersyk. It kolleezje jouwt no in legere prioriteit oan dit undersyk dan de Rie foar eagen stie. It kolleezje freget him of of't der no, nei de bestjoerlike wikselingen en de ferfanging fan de siktaris noch deselde prioriteit oan takend wurde moat. Wij binne fan betinken dat it in kwestje fan en en weze kin.In bestjoerlike wikseling en de utkomsten fan in opganisaesje- undersyk kinne fersterkjend op elkoar wurkje .Derom bliuwt it foar. us noch de fraech of't wij wol wachtsje moatte oan't de nije siktaris him ynwurke hat. De tiidsline dy't wij foar eagen hawwe komt demei behoarlik under druk. In organisaesje-undersyk kin it bestjoer in ein temjitte komme. Fbarsitter y.n haedfunksje 2 wolle wij, hoe kin it hast ek oars,efkes stilstean bij de dyk Ljouwert-Stiens.lt fersichtige optimisme fan it kolleezje ten oansjen fan de fytsers, dele wij net alhiel.De nije dyk hat gjin ein makke oan de file sa om moams acht ure hinne.Guon automobilisten miene tiid winne te kinnen troch de parellelwei te nimmen. Dermei bringe se lykwols de fietsers yn gefaer .Sij nirnne der mei in swiere ferantwurdlik- heid op harren.Wij dogge hjirbij in berop op dyselde automobilisten om fantoam de haedrydbaen wer te bruken as oars de fyts te nimmen. Eh foarsitter, as dizze oprop net helpt, dan freegje wij jo, as haed fan de plysje nei te gean hokker maetregels nornnen wurde kinne. om dit uneigenlijk gebruk fan de parallelwei tsjin te gean. Yn haedfunksje 3 -ekonomyske saken- geane jo koart yn op de kontakten mei it bedriuwslibben.Jo stelle foar om oerliz mei us te fieren oer de wize werop en de mjitte weryn dit kontakt pleats fine moat. De V.V.D.fraksje stelt voor dit kontakt yn earste ynstansje of te stemmen mei it bedriuwslibben sels, yn pleats fan mei us.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 10