Fbarsitter de taninmende stroom offal baert soargen. It is in wolfearts- probleem wurdt der wolris sein.Mar it is in probleem wer't we wol mei sitte. Oan de iene kant wurdt it miljeu der te swier mei beleste en oan de oare kant rize de kosten fan de himmeltsjinst de panne ut. It smoargensprobleem dat losse wij jun sa't wij hjir sitte net op. Wij binne fan betinken dat it in goede saek is, dat der in wurkgroep foarme wurdt fan oanbieders fan smoargens en minsken fan de himneltsjinst om it probleen yn syn hele hear en fear te beljochtsjen en an te sykjen nei oplossingen.Wat de V.V.D fraksje betreft kant it nochris safier, dat per hushalding feststeld wurde kin, wat it gewicht is fan de oanbeane hoeveelheid offal,en dat men oerienkomstig die hoeveelheid% betellet Foarsitter wij wolie ek noch efkes stilstean bij de Hinderwet. Bij de Hinderwetplichtigen is it sa njonkenlytsen bekend wat net kin en wat wol. Mar faek is it in kwestje fan jild en deimei tiid on oan de easken fan de Hinderwet foldwaen te kimen.Wij freegje on in soepele halding yn dit soarte fan gefallen. Tink bijgelyks ris oan de agraryske sektor,wer't de faktor jild hieltyd mar krapper wurdt en wer't de easken hieltyd mar heger steld wurde. Lykwols wer't mei opset sin nije miljeudelikten untstean dy't yn striid binne mei alles en dy't men te foaren konme kinnen hie, der sil nei us oardiel kreftich tsjin optreden wurde moatte. It giet net oan,dat oan de iene kant bedriuwen greate offers bringe on de saken goed foarelkoar te krijen en oaren mar moedwillich de rigels oan barren lears laepje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 14