Fragen fan de V.V.D. fraksje. 1Dielt it kolleezje us miening dat de chefs in kursus funksjonearrings- gesprekken folgje moatte ear't se daedwerkelik begjinne oan it fieren fan dizze gesprekken? 2. Kin it kolleez je us dudlik oanjaen hokker redenen der krekt binne, om it organisaesje undersyk ut te stellen? 3. Is de foarsitter fan dizze Rie, yn syn hoedanichheid as haed fan de plysje sa nedich re om maetregels te nimmen tsjin it uneigenlik gebruk fan automobilisten fan de parallelwei Stiens-Ljouwert,sadat de fytsers gjin ekstra gefaer koirme te rinnen? V 4. Kin it kolleez je oanjaen hokker plannen har foar eagen stean on de pleatselike wurkgelenheid te stimuljerjen en dertroch it wen-wurk- ferkear te beheinen? 5. Sjocht it kolleez je mooglikheden om nei te gean of't der Europeeske subsydzjes los te krijen binne, foar de restauraasje fan de tsjerke yn Britsum yn'e mande mei Dekemastate 6. Kin it kolleez je oanjaen, wannear de kwestje fan de KCA-container bij de wykmerk yn regionael ferban oan de oar der komt? 7. Is it kolleez je mei us fan miening dat de hegere oerheden der op wiisd wurde moatte,dat de rigeljowing in dizzen fiersten te star is? 8. Fynt it kolleez je mei us dat der in wurkgroep komme moat sa as wij foarsteld hawwe mei betrekking op de smoargens problematyk?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 16