f/ LEEUWARDERADEEL GEMEB^ITE Ban II 0000 - 2030 m. Fuortsetting fan de gearkomste fan 20 desimber 1990 Nei't de foarsitter de gearkomste wer iepene hat begjint it kolleezje mei de beantwurding fan de fragen fan de skogings. It kolleezje giet wiidweidich yn op de stelde fragen en der wurde ferskate tasizzings dien oer neiere utstellen yn 1991. Ban II 2030 - ein. Nei in koarte underbrekking fan de gearkomste krije de fraksjes gelegenheid op de antwurden fan it kolleezje yn te gean. Fan dizze gelegenheid wurdt gebruk makke troch de hearen Van Rijn, De Vries, Van der Ende, Tulner, Van der Heide, Eisenga, Teitsma en mefrou Visser. De heer Eisenga merkt op dat it kolleezje al 46 tasizzingen dien hat. Hy is fan betinken dat it kolleezje al dizze tasizzingen net neikomme kin. Hy-docht de tasizzing dat alle tasizzingen fan it kolleezje troch de PvdA- fraksje typt oanlevere wurde sille. It docht bliken dat der gjin mearderheid is foar de PvdA-moasje oer it offal- probleem; it giet de oare fraksjes te fier dat de AVI-Ljouwert ticht bliuwe moat Ek foar de belestingmaatregelssa as neamd yn it utstel fan it kolleezje, is net elkenien te finen. Ban I 0000 - 1307 m. It kolleezje reagearret op de reaksjes fan de riedsleden. De PvdA-fraksje komt mei in oanpaste moasje. Der is noch gjin mearderheid foar te finen. Besluten wurdt de moasje oan te halden en dizze wichtige saak (de offalstof- fenproblematyk) yn in ekstra riedsgearkomste op 24 jannewaris 1991 op'e nij oan de oarder te stellen. Ofhanneling fan de wurklist. 27. Utstel oangeande it feststellen fan a. de gemeentebegrutting 1991; en b. offalstoffenproblematyk. 28. Utstel oangeande belestingmaatregels 1991 De foarsitter konkludearret dat: - alle fraksjes ynstimme mei in ferheging fan de offalstoffenheffing. - alle fraksjes ynstimme mei in ferheging fan de wenferinzebelesting. - alle fraksjes ynstimme mei in ferheging fan de hunebelesting. - allinne de FNP-fraksje tsjin in ferheging fan de legesverordening is. - allinne de FNP-fraksje tsjin in ferheging fan de rioelbelesting is. - mei utsundering fan de CDA-fraksje alle fraksjes tsjin in ferheging fan de unreplikguodbelesting binne en dat dizze ferheging derom net troch— giet. De tarieven foar 1991 wurde f 5,69 en f 4,56. Rekkenjende mei it boppesteande wurde de begruttings 1991 sunder haadlike stimming feststeld. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 41