LEBJWARDERADKL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 febrewaris 1991 Oanwezich: mefrou Visser en de hearen Dijkstra, Tulner, Teitsma, Van der Heide, Eisenga, Van der Ende, Boersma, Ketellapper, Van Rijn, De Vries en de beide wethalders mefrou Glas en de hear Jansma. Foarsitter: de hear Bijl (boargemaster) Siktaris: de hear Dijkstra (le loko-siktaris) Ban II 0000 - 1988 m. De foarsitter iepent de gearkomste en dielt mei dat oan de ynkommen stik— ken taheakke binne in skriuwen fan de VNG oer de tuskenbalans (tuba) en in skriuwen fan de FNP-fraksje oer in parseberjocht mei in utspraak fan wet halder Jansma. Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 24e jannewa- ris 1991 en de 31e jannewaris 1991 24 jannewaris 1991 De hear Teitsma wol graach dat yn de beslutelist de foar en tsjin stimmers neamd wurde. De foarsitter seit dit ta. 31 jannewaris 1991 De hear Boersma merkt op dat san (punt 10) nei syn betinken net goed skreaun is. Neffens him moat der in w (sawn) tusken. De foarsitter seit dat der in kapke op'e a moat (san). Sunder haadlike stimming wurdt de beslutelist feststeld. Ynkommen stikken en meidielings Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Van der Heide (Ill/a), mefrou Vis ser (III/c) en wethalder Jansma. Skriuwen VNG oer de tuba. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Van Rijn, Dijkstra, Boersma en de foarsitter. De oanwezigen binne it der oer iens dat it VNG-skriuwen stipe wurde moat. Parseberjocht wethalder Jansma. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Teitsma, Boersma, Van Rijn, de foarsitter en de beide wethalders. Wethalder Jansma wurdt under fjoer nommen oer syn utspraak yn de parse oer in gemeentlike bydrage foar de runwei om Ljouwert, mar hy hald fol dat hy de dingen dy't yn'e parse neamd binne, net sein hat. Sunder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan it kolleezje be— sluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 5